Springe nei ynhâld

Stasjon Veenendaal-De Klomp

Ut Wikipedy
Stasjon Veenendaal-De Klomp
station Veenendaal-De Klomp
Stasjon Veenendaal-De Klomp yn 2023
Stasjon Veenendaal-De Klomp yn 2023
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Ede
plak De Klomp
adres Stationsweg 15
arsjitektuer
stasjonskoade Klp
iepening 15 maart 1845
boujier 1860 1e stasjonsgebou
1962 2e stasjonsgebou
sloopjier 1960 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1860
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1960
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Rhijnspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Veenendaal-De Klomp (Gelderlân)
Stasjon Veenendaal-De Klomp

Stasjon Veenendaal-De Klomp (Klp) is in spoarstasjon yn it Nederlânske doarp De Klomp, yn de gemeente Ede yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). It stasjon leit op in kilometer ôfstân fan it Utertske plak Veenendaal.

1e stasjonsgebou stasjon Veenendaal-De Klomp om en de by 1905

It oarspronklike stasjonsgebou fan stasjon Veendendaal-De Klomp wie in eardere direksjekeet. It ienfâldige lege gebou waard yn de rin fan de jierren fierder geskikt makke om tsjinst te dwaan as stasjonsgebou. Der kamen wachtromten en in romte foar de stasjonsjef. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it gebou slim skansearre en waard mar foar in part provisoarysk reparearre. Yn 1960 waard it âlde stasjonsgebou ôfbrutsen en yn 1962 ferfongen troch nijbou neffens ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma: in leech gebou mei twa romten mei in plat dak en twa skoarstiennen.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-SeistUtert-SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3100 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert-SintraalVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalNimwegen
23400 Nachtnet Intercity (NS) Utert-SintraalDriebergen-SeistVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalElstNimwegen Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen-Seist.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: