Springe nei ynhâld

Stasjon Ede-Wageningen

Ut Wikipedy
Stasjon Ede-Wageningen
station Ede-Wageningen
Stasjon Ede-Wageningen wilens de nijbou (2023)
Stasjon Ede-Wageningen wilens de nijbou (2023)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Ede
plak Ede
adres Zuidplein 74
arsjitektuer
stasjonskoade Ed
iepening 16 maaie 1845
boujier 1877 1e stasjonsgebou
1984 2e stasjonsgebou
2024 3e stasjonsgebou
sloopjier 1984 1e stasjonsgebou
2024 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1877
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1960
P.A.M.J. Corbey
2e stasjonsgebou
2024
Rodrigo Louro van Mecanoo
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 4
spoarline Rhijnspoarwei
Falleiline
2e stasjonsgebou Stasjon Ede-Wageningen yn 2007
2e stasjonsgebou Stasjon Ede-Wageningen yn 2007
1e stasjonsgebou stasjon Ede-Wageningen om en de by 1974
1e stasjonsgebou stasjon Ede-Wageningen om en de by 1974
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Ede-Wageningen (Gelderlân)
Stasjon Ede-Wageningen

Stasjon Ede-Wageningen (Ed) is in spoarstasjon yn it Nederlânske plak Ede, yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). Yn dit Gelderske plak waard yn 2024 it tredde stasjonsgebou sûnt 1845 iepene.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike stasjonsgebou fan Ede-Wageningen waard iepene yn 1877, 32 jier neidat it stasjon iepene wie. It stasjonsgebou wie bekend as in standerttype Harmelen, it wie ien fan de fjouwer stasjonsgebouwen fan dit type dat ea boud is. De arsjitekt is ûnbekend. It lytse gebou mei puntdak en luifel om it hiele gebou hinne kaam op in nij oanlein eilânperron te stean en hie allinnich de needsaaklike stasjonsfoarsjenningen. De wenning fan de stasjonsjef kaam op in oar plak, yn de buert fan it stasjon. Yn 1903 waard it gebou útwreide mei in wachtromte tredde klasse.

It stasjonsgebou waard yn 1984 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou, nei ûntwerp fan arsjitekt Paul Corbey, mei op it eilânperron in wachtromte en ytgelegeneheid. Yn 2022 waard begûn mei de bou fan in nij stasjonsgebou[1] nei in ûntwerp fan arsjitekt Rodrigo Louro van Mecanoo.[2] , it nije stasjonsgebou waard yn 2024 iepene. Wêrnei't it stasjonsgebou út 1984 ôfbrútsen waard.[3]

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert-SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3100 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert-SintraalVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalNimwegen
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert-SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
23400 Nachtnet Intercity (NS) Utert SintraalDriebergen ZeistVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalElstNimwegen Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen Zeist.
7500 Sprinter (NS) Ede WageningenArnhim Sintraal
RS 34
31300
Stoptrein (Connexxion) Amersfoart SintraalBarneveld SintrumEde Wageningen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: