Springe nei ynhâld

Stasjon De Haach HS

Ut Wikipedy
Stasjon De Haach HS
station Den Haag HS
Stasjon Arnhim Sintraal yn 2011
Stasjon Arnhim Sintraal yn 2011
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente De Haach
plak De Haach
adres Stationsplein 44a
arsjitektuer
stasjonskoade Gv
type Trochgongstasjon
iepening 6 desimber 1843
boujier 1843 1e stasjonsgebou
1891 2e stasjonsgebou
sloopjier 1891 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1843
F.W. Conrad
1e stasjonsgebou
1891
D.A.N. Margadant
2e stasjonsgebou
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 407956
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 5
spoarline Alde line
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon De Haach HS (De Haach)
Stasjon De Haach HS

Stasjon De Haach HS (stasjon Hollânsk Spoar) is it âldste stasjon fan de Nederlânske stêd De Haach en ien fan de twa grutte stasjons yn dizze stêd, en waard iepene yn 1843 oan de Alde line (AmsterdamRotterdam). De namme fan it stasjon is ûntliend oan de eardere Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM).

Stasjon De Haach HS (De Haach)
De Haach Sintraal
De Haach Sintraal
De Haach HS
De Haach HS
Lokaasjes stasjonsgebouwen

It stasjon waard iepene yn 1843 doe't de âlde line fan de HIJSM út Amsterdam wei fan Leien nei De Haach trochlutsen waard. Yn 1847 waard de line ferlinge nei Rotterdam. It stasjon leit yn de Stationsbuurt, in wyk dy't syn namme te tankjen hat oan it stasjon lykas it Stationsplein, dat dus net by De Haach Sintraal leit. Mei de term Hollânsk Spoar wurdt dit stasjon bedoeld, net sasear de spoarline of de eardere spoarweimaatskippij.

It stasjon waard bûten de beboude kom oanlein. Dêrtroch kaam it stasjon Hollânsk Spoar te lizzen op it grûngebiet fan Rijswijk. Yn 1843 waard dit Haachsk grûngebiet, omdat Rijswijk net by steat wie om dit te behearen mei de twa plysjes dy't Rijswijk hie. De Haach moat dêrfoar wol foar de ivige tiden 400 gûne yn it jier betelje. Yntusken binne dat euro's, mar it wurdt noch altyd alle jierren oermakke.

Yn 1870 iepene in oar bedriuw, de Nederlandsche Rhijnspoorweg-Maatschappij in stasjon foar de ferbining fan De Haach nei Gouda en Utert. Stasjon Rhijnspoor kaam oan in oare kant fan it sintrum te lizzen. Sûnt dy tiid bestiet de situaasje dat Den Haach twa haadstasjons hat: Hollânsk Spoar en Rhijnspoor (letter Steatsspoar, en sûnt 1973 De Haach Sintraal neamd).

Dêr 't de beide spoarweibedriuwen aartsfijannen fan in oar wiene, woene se absolút net gearwurkje en dus ek gjin treinen útwikselje. In ferbiningsbaan tusken de twa linen wie dan ek net oan de oarder. Mar yn 1871 kaam dy der dochs, mar net foar reizgers. Dy moasten harren behelpe mei in omnibus. Mar der wiene ek net in protte reizgers dy't fan Delft of Leien fia De Haach nei Gouda woene. De NRS betelle dizze omnibus; de HIJSM wegere mei te beteljen. Nettsjinsteande it rûzje waard doe al pleite foar ien mienskiplik stasjon, mar it kaam der nea.

Pas yn 1896 giene der reizgerstreinen riden oer de ferbiningsbaan. Ek doe wie it net drok; yn 1909 waard dy tsjinst staakt. frachtreinen rieden der noch oant yn 1972. De âlde baan, tusken de Eemstraat en de Zwetstraat, waard doe opbrutsen en is no in parkje. Yn 1976 waard der in nije ferbiningsbaan justjes fierderop yn gebrûk naam; no allinnich noch foar reizgerstreinen.

1e stasjonsgebou stasjon De Haach HS om en de by 1855
Restanten fan de ôfbaarnde perronoerkaping en links de restanten fan it perrongebou

It oarspronklike spoarweistasjon fan De Haach HS waard, boud yn de jierren fjirtich fan de 19e iuw. It gebou wie in ûntwerp fan de arsjitekt Frederik Willem. Conrad. It gebou bestie út in heech middendiel, mei dêrfoar in bordes, mei dêrop seis pylders, en oan elke sydkant ien pylder. Oan wjerskanten fan it gebou wie in lange fleugel, wêrfan 1 ek fersierd wie mei twa pylders. Men koe it stasjon fia fiif tagongsdoarren yn gean.

It stasjon waard yn 1891 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Dirk Antonie Nicolaas Margadant yn 'e neorenêssânse styl. It yn bakstien mei ryklike tapassing fan byldhoude natuerstiennen ûnderdielen oplutsen haadgebou bestiet út in middenpart fan trije boulagen. Oan wjerskanten is in legere fleugel boud, elk mei in hoekpaviljoen. Oan beide úteinen fan de sydfleugels binne oerkapingen. It middenpart fan de foargevel hat yn de bôgen fan de finsters yn de ferdjipping byldhoude figueren, foarstellend keunst, hannel, niverheid en wittenskip. Hjirboppe yn it natuerstiennen fries it opskrift "Hollandsche IJzeren Spoorweg Maatschappij".

Sûnt 1893 hat it stasjon in keninklike wachtkeamer, dy 't net mear yn gebrûk is. Dizze typysk 19e-iuwske wachtkeamer hat in eigen luifel links fan 'e haadyngong. De keninklike wachtromte bestiet út sân fertrekken mei in rom treppehûs en festibule.

Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1989, koart nei in restauraasje, waard troch in ynbrekker brân stichte yn de stasjonsrestauraasje. De brân ferwoaste it perrongebou en in part fan de perronkape. De perronkape waard letter yn histoaryske steat werombrocht, mar it perrongebou aallinnich optysk. De âlde stasjonsrestauraasje dy't der yn siet kaam net werom. It ynterieur waard ynrjochte ta in moderne wachtromte. Yn 2010 wie der in yngeande renovaasje fan it monumintale perrongebou.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
1100 Intercity (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelfRotterdam SintraalBredaTilburchEindhoven Sintraal
1400 Nachtnet Intercity
(NS)
Utert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SintraalSkiphol AirportLeiden SintraalDe Haach HSDelftRotterdam Sintraal De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: