Stasjon Amsterdam Sloterdijk
Stasjon Amsterdam Sloterdijk station Amsterdam Sloterdijk | ||
Stasjon Amsterdam Sloterdijk yn 2006 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Amsterdam | |
plak | Amsterdam | |
adres | Zaventemweg 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ass | |
type | Krússtasjon | |
iepening | 29 maaie 1983 | |
boujier | 1986 | |
arsjitekt | H.C.H. Reijnders | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 5 | |
perronspoaren | 10 | |
spoarline | Alde line Steatsline K Westtak Ringspoarbaan | |
metroline | 50 51 | |
tramline | 19 | |
offisjele webside | ||
stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Amsterdam Sloterdijk (Ass) is in spoarweistasjon yn de stêd Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân en waard iepene yn 1983 oan de steatsline K (Amsterdam sintraal - De Helder) de Alde Line (Amsterdam sintraal - Rotterdam Sintraal) en de Westtak Ringspoarbaan (Amsterdam sintraal - Skiphol Airport).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1890 oant 1905 bestie der oan de âlde line in halte Sloterdijk, destiids noch gemeente Sleat. Op 3 juny 1956 waard tichtby it doarp Sloterdijk oan de spoarline Amsterdam - Haarlem in foarstêdshalte iepene om in bettere oansluting fan de westlike stedswiken op it spoarnet te krijen.
Yn 1983 waard it earste part fan in nij stasjon iepene, noardwestlik fan de besteande lokaasje, oan de yn dat jier iepene omlizzing fan de spoarline fia de Hemtunnel nei Saandam. Dit stasjon krige tydlik de namme "Sloterdijk Noard" ta ûnderskieding fan it stasjon oan de âlde line, dat "Sloterdijk Súd" hjitte soe. Nei't yn 1985 ek nije rûte fan de âlde line fia Sloterdijk Noard ree kaam, waard it stasjon "Sloterdijk Súd" sletten en bleau it hjoeddeistige stasjon Sloterdijk oer.
Yn 1986 waard Sloterdijk in krusingsstasjon op twa nivo's doe 't ek de nijboude Westtak Ringspoarbaan nei Lofthaven Skiphol iepene waard. De arsjitekt fan it nije stasjon is Harry Reijnders.
Yn 1997 kaam ek de Ringline, metroline 50, nei Sloterdijk en krige syn einpunt by de Isolatorwei. Sûnt 3 maart 2019 wurdt dit stasjon ek oandien troch metroline 51, dy't fan dy datum ôf fan stasjon Súd nei Isolatorwei ferlein is.
Yn 2003] kaam súdwestlik fan it stasjon Sloterdijk de Hemboog ree, doe noch sûnder stopplak. De plande perrons wiene fuort besunige. Yn it ramt fan de plannen foar Regionet binneyn de jierren 2007 en 2008 dochs noch oanlein. It middenperron oan de Hemboog waard op 14 desimber 2008 yn gebrûk naam. It leit apart, op in pear hûndert meter ôfstân fan it haadgebou. Neffens it oarspronklike plan soe it in apart stasjon wurde Amsterdam Sloterdijk Hemboog. It waard lykwols offisjeel ûnderdiel fan stasjon Amsterdam Sloterdijk. Dit betreft de namme, de spoar nûmering (spoaren 9 en 10), de ôfreisteaten dy't yn beide parten alle treinen fermelde, en de 60 - minuteregel. Itselde jildt by de twa helten fan stasjon Amsterdam Muiderpoort.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – 's-Hertogenbosch – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Alkmar – (De Helder) | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
2100 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach Sintraal | Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei. |
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum– Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen | |
2900 | Intercity (NS) |
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – 's-Hertogenbosch – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Maastricht | Rydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. |
3000 | Intercity (NS) |
Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Saandam – Alkmar – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
3900 | Intercity (NS) |
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – 's-Hertogenbosch – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | Rydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900. |
4500 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Hoarn – Inkhuzen | Rydt allinnich yn de spitsrjochting, rydt net op freed. |
3300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn Kersenboogerd | Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd. |
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leien Sintraal. |
4800 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Alkmar – Hoarn | Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn. |
5400 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Zandvoort aan Zee | Ryd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim. |
5800 | Sprinter (NS) | Amersfoart Vathorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom– Weesp – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp | Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp. |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|