Springe nei ynhâld

Stasjon Middelburch

Ut Wikipedy
Stasjon Middelburch
station Middelburg
Stasjon Middelburch en stasjonsbrêge yn 2018
Stasjon Middelburch en stasjonsbrêge yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Middelburch
plak Middelburch
adres Segeerssingel 64
arsjitektuer
stasjonskoade Mdb
iepening 1 maart 1872
boujier 1870
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
yngenieur Martinus Simon
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline F
4666 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Middelburch (Middelburch-Sintrum)
Stasjon Middelburch

Stasjon Middelburch (Mdb) iepene op 1 maart 1872, is in stasjon yn de Nederlânske stêd Middelburch yn de provinsje Seelân. Oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissingen).

It gebou wie ree yn 1870 en waard yn gebrûk naam op 1 maart 1872 mei de iepening fan Steatsline F. It stasjon heart ta de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. Fan de fiif noch oanwêzige stasjons fan it Type SS tredde klasse binne der trije bylâns Steatsline B, It giet dêrby om Stasjon Harns (1863), Ljouwert (1863) en Wynskoat (1865). De fjirde stiet oan Steatsline F en dat is stasjon Middelburch (1870) en de fiifde noch besteande stasjon is stasjon Alkmar (1865). Yn tsjinstelling ta de stasjons fan Ljouwert en Alkmar, dy't letter yngeand ferboud waarden, en dy fan Alkmar sels net mear te werom te kennen is as in stasjon fan it type tredde klasse, is it stasjon fan Middelburch noch foar in grut part yn de âlde steat. It gebou is ûntwurpen troch de yngenieur Karel Hendrik van Brederode.

It stasjon befynt him krekt binnen it histoaryske stedssintrum, tusken it Kanaal troch Walcheren, dat op it plak troch de stasjonsbrêge oerspand wurdt, en, de eardere bûtenfest, de Segeerssingel. It stasjonsgebiet hat sûnt it jier 2000 in stalferwikseling ûndergien. Der waard in nij busstasjon oanlein wêrby't in direkte oerstap út de trein wei mooglik is, foarhinne befûnen de haltes harren oan de oare kant fan it kanaal mei it probleem fan in regelmjittich iepensteande brêge.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: