Springe nei ynhâld

Stasjon Haarlim

Ut Wikipedy
Stasjon Haarlim
station Haarlem
Stasjon Haarlim yn 2006
Stasjon Haarlim yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Haarlim
plak Haarlim
adres Stationsplein 9b
arsjitektuer
stasjonskoade Hlm
type Trochgongsstasjon
iepening 20 septimber 1839
boujier 1839 1e stasjonsgebou
1841 2e stasjonsgebou
1867 3e stasjonsgebou
1908 4e stasjonsgebou
sloopjier 1842 1e stasjonsgebou
1867 2e stasjonsgebou
1907 3e stasjonsgebou
arsjitekt 1839
Arsjitekt ûnbekend
1e stasjonsgebou
1841
F.W. Conrad
2e stasjonsgebou
1867
P.J. Mouthaan
3e stasjonsgebou
1908
D.A.N. Margadant
4e stasjonsgebou
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 19786
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 6
spoarline Alde line
Haarlim - Zandvoort
Haarlim - Uitgeest
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Haarlim (Haarlim-Sintrum)
Stasjon Haarlim

Stasjon Haarlim (Hlm) is it haadstasjon fan Haarlim en waard iepene yn 1839 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal. Yn de Noard-Hollânske haadstêd is yn 1906 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1839 iepene.

2e stasjonsgebou stasjon Haarlim yn 1865
3e stasjonsgebou stasjon Haarlim yn 1890
Stasjon Haarlim (Haarlim)
1e lokaasje
1e lokaasje
Hjoedeiske lokaasje
Hjoedeiske lokaasje
Lokaasjes stasjonsgebouwen

By de iepening fan de spoarline kaam in in houten stasjonsgebou yn gebrûk, krekt bûten de doetiidske fêsting. It gebou foldie hjirmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet. It earste stasjonsgebou stie op it plak fan it hjoeddeiske Haadwurkplak fan de NS, It gebou waard yn 1842 ôfbrútsen.

It twadde stasjonsgebou kaam binnen de fêsting te lizzen en waard ûntwurpen troch de arsjitekt Frederik Willem Conrad en waard iepene yn 1841 syn doarren foar treinreizgers. It wie it earste gebou op de hjoeddeiske lokaasje. It gebou waard nei bûtenlânsk foarbyld fan bûten alhiel symmetrysk útfierd. It stasjon bestie út in middenpart mei in hege poarte dy 't tagong joech ta in hal mei loketten. Oan beide siden wie in koarte lege wjukken mei wachtromten. Beide sydwjukken hawwe in eingebou. Oan de linkerkant wie de wenning fan de stasjonsjef en oan de rjochterkant it part foar it guod.

Yn 1867 waard it twadde stasjonsgebou ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt P.J. Mouthaan. It gebou waard oer de hiele breedte ien ferdjipping heger as it 2de stasjonsgebou. It middenpart boppe de yngong waard boppedat noch ien ferdjipping heger. Oer de perronnen en spoaren komt in grutte perronkap. Mei in lingte fan sa'n 120 meter hie Haarlim op dat stuit it grutste stasjonsgebou fan Nederlân.

Yn 1905 begjint de oanlis fan it ferhege stastionsgebiet en de bou fan it gehiel nije kompleks nei ûntwerp fan arsjitekt Margadant. In jier letter binne it eilânperron en de fjouwer perrongebouwen klear en wurde de stasjonsfoarsjenningen hjir ûnderbrocht. Hjirnei kin it tredde stasjonsgebou út 1867 ôfbrútsen wurde. Yn 1908 binne ek it sydperron, it yngongsgebou, it útgongsgebou en de kappen oer de perrons ree. It nije stasjonsgebou is yn Jugendstil útfierd. It hege yngonggebou is foar it grutste part symmetrysk, mar hat dochs in pear ferskillen. It hege middenpart krijt in brede yngong mei trije dûbelde doarren en dêrboppe in luifel en in healrûn finster. De yngong wurdt flankearre troch twa ferskillende tuorren. Yn it gebou binne allinnich de grutte stasjonshal mei loketten en in tal tsjinst romten. De hege ûntfangsthal krijt in opfallende houten plafondkonstruksje. Links fan it gebou komt it asymmetryske útgongsgebou.

Troch de oarspronklike funksje is dit gebou gâns soberder foarmjûn as de yngong. De 70 meter tusken beide gebouwen wurdt oerdutsen mei in oerkaping. Beide gebouwen binne fia in tunnel ferbûn mei it sydperron en it eilânperron. It grutste part fan de perronnen en perronspoaren binne oerdutsen troch in oerkaping dy 't út ferskate dielen bestiet. De kap is yn totaal 470 meter lang en hjirmei de langste fan Nederlân.

De gebouwen op it eilânperron binne rykfersierd en binne foar it grutste part fan hout makke. It seinhûs op it twadde perrongebou út it westen wei sjoen, is sels alhiel yn hout útfierd. Yn de middelste twa gebouwen binne oarspronklik de measte wachtkeamers en de twa stasjonsrestauraasjes ûnderbrocht. Yn de twa bûtenste gebouwen binne benammen tsjinst romten. Yn 1912 kriget ek it sydperron in húske. It bakstiennen gebouke komt oan de eastkant fan it perron te stean.

It kompleks is op in tal oanpassingen nei, foar it grutste part yn orizjinele steat bewarre bleaun, en is sûnt 1975 in Ryksmonumint.

Yn 1952 nimt NS oan it kennemerplein in twadde yngongsgebou mei loketten nei ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast en in ekstra perron yn gebrûk. It nije gebou bestiet foar in grut part út beton. Fan it nije perron ôf rint it dak fan dit yngongsgebou wat omheech.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlimLeien SintraalDe Haach Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
12100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimZandvoort aan Zee Rydt allinne yn it wykein.
22200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlim Rydt twa kear deis, yn de nachten fan freed op sneon, en sneon op snein yn beide rjochtingen.
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.
5400 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimZandvoort aan Zee Ryd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim.
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: