Springe nei ynhâld

Stasjon Heemstede-Aerdenhout

Ut Wikipedy
Stasjon Heemstede-Aerdenhout
station Heemstede-Aerdenhout
Stasjon Heemstede-Aerdenhout yn 2006
Stasjon Heemstede-Aerdenhout yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Heemsteede
plak Heemsteede
adres Roemer Visscherplein 10
arsjitektuer
stasjonskoade Had
iepening 1 jannewaris 1876
7 oktober 1928 Weriepening
sluting 1 jannewaris 1880
boujier 1928 1e stasjonsgebou
1958 2e stasjonsgebou
sloopjier 1956 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1928
H.G.J. Schelling
1e stasjonsgebou
1958
K. van der Gaast
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Alde line
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Heemstede-Aerdenhout (Noard-Hollân)
Stasjon Heemstede-Aerdenhout

Stasjon Heemstede-Aerdenhout (Had) is in spoarweistasjon yn de gemeente Heemstede yn de provinsje Noard-Hollân. En waard iepene yn 1876 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn 1880 waard it stasjon sletten, mar yn 1928 waard it stasjon op 7 oktober weriepene

Stasjon Heemstede-Aerdenhout om en de by 1956

It oarspronklike spoarweistasjon fan Heemstede-Aerdenhout wie in ûntwerp fan arsjitekt Schelling en waard boud yn 1928 by de weriepening fan it stasjon. It bestiet út twa treppehuzen dy't liede nei in tunnel. Boppe beide treppehuzen steane ienfâldige geboukes mei in heech puntdak en in lytse wachtromte. Op it iene gebouke stiet Heemstede, op de oare Aerdenhout. Nei de Twadde Wrâldkriich wurdt de Alde line op de hichte fan it stasjon ferhege. Yn 1956 wurde beide geboukes dêrom ôfbrutsen, om plak te meitsjen foar it ferhege spoar.

Yn 1958 kriget Heemstede-Aerdenhout ien fan de earste echte fiaduktstasjons fan Nederlân nei ûntwerp fan Koen van der Gaast. De stasjonshal is ûnder de spoaren en de beide perrons. Yn de hal binne ferskate foarsjenningen ûnderbrocht. Oan beide siden fan de hal is in trep nei de perrons. De treppehuzen binne tegearre mei de wachtromten lâns it perron opnommen yn grutte "doazen" dy't útstekke boppe de yngong fan de stasjonshal. Yn 1999 kriget it stasjon oan beide kanten in lift, om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlimHeemstede-AerdenhoutLeien SintraalDe Haach Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimHeemstede-AerdenhoutLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: