Springe nei ynhâld

Stasjon Roosendaal

Ut Wikipedy
Stasjon Roosendaal
Station Roosendaal
Stasjon Roosendaal yn 2015
Stasjon Roosendaal yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Roosendaal
plak Roosendaal
adres Stationsplein 1a
arsjitektuer
stasjonskoade Rsd
type trochgonsstasjon
iepening 3 july 1854
boujier 1854 1e stasjonsgebou
1905 2e stasjonsgebou
sloopjier 1868 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1854
ûnbekende ûntwerper
1e stasjonsgebou
1905
G.W. van Heukelom
2e stasjonsgebou
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 517241
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline F
Roosendaal - Breda
Antwerpen - Lage Zwaluwe
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Roosendaal (Noard-Brabân)
Stasjon Roosendaal

Stasjon Roosendaal (Rsd) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Roosendaal, en waard iepene yn 1854, oan it spoar fan Antwerpen nei Lage Zwaluwe.

Stasjon Roosendaal waard iepene mei it yn gebrûk nimmen fan de spoarline Antwerpen – Lege Zwaluwe op 23 juny 1854. It wie sa earder mei Belgje ferbûn as mei de doe besteande spoarlinen yn Nederlân. Hy hearde bûten de stêden yn it westen en midden fan Nederlân oant de earste plakken dy 't in spoarferbining krigen en wie de earste stêd fan Noard-Brabân mei in stasjon. Yn 1863 kaam de ferbining mei Bergen op Soom ta stân, yn 1872 kaam de gehiele Steatsline F ree.

1e stasjonsgebou stasjon Roosendaal yn 1900
2e stasjonsgebou stasjon Roosendaal om en de by 1905

It earste stasjon yn Roosendaal wie in heech gebou, en kin besjoud wurde as in fergrutte ferzje fan Oudenbosch. Yn 1866 waarden der oan wjerkanten in koarte fleugel oanboud, yn 1887 waarden dizze fleugels ferfongen troch langere fleugels.

Yn 1905 krige Roosendaal in nij stasjonsgebou nei ûntwerp fan de arsjitekt G.W. van Heukelom en ryksboumaster Daniël Knuttel, Knuttel liet him foar it gevelûntwerp ynspirearje troch it Kaizerpalts yn Goslar. Yn it stasjonsgebou wiene fjouwer wachtromtes wêrfan ien keninklike wachtkeamer en in fisitaasjehal dy't fia in lange passaazje mei-inoar ferbûn wiene. Njonken it stasjonsgebou waarden in lokomotievenloads, in seinhûs, in seinbrêge en de dûaneloads boud. De lokomotievenloads is noch altyd oanwêzich.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie boppe-op it stasjonsgebou in geskutskoepel. Op 'e souder is noch in muorretekening te finen fan it geskut dy't troch de Dútske militêren destiids oanbrocht is. Sy ferbleaune op 'e souder sadat by in loftoanfal se daliks it dak op koene nei har ôfwargeskut. Op 14 septimber 1944 sloech it needlot ta foar it stasjonsgebou en is by in bombardemint de folsleine stasjonshal en in part fan de eastfleugel ferlern gien.

Nei de twadde wrâldkriich waard besletten dizze parten fan it gebou net te werbouwen, nei oarspronklik byld, mar is ûnder lieding fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn waard der in nije lytsere stasjonshal boud as yngong foar de noch oerbleaune dielen fan it stasjonsgebou.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
3600 Intercity (NS) RoosendaalBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim SintraalSutfenDimterSwol
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
5900 Sprinter (NS) DoardtRoosendaal Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.
S 32
2550
S-trein Antwerpen (NMBS) PuursAntwerpen-SintraalEssenRoosendaal

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: