Stasjon Swol

Ut Wikipedy
Stasjon Swol
station Zwolle
Stasjon Swol yn 2023
Stasjon Swol yn 2023
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Swol
plak Swol
adres Stationsplein 25b
arsjitektuer
stasjonskoade Zl
type Trochgongsstasjon
iepening NCS stasjon 6 juny 1864
SS station 1 oktober 1866
boujier 1866
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 41814
oare ynformaasje
perrons 5
perronspoaren 14
spoarline Steatsline A
Sintraalspoarwei
it Kamperlyntsje
Swol - Almelo
Swol - Stêdskanaal
Hanzeline
busline 31
41.100 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Swol (Swol-Binnenstêd)
Stasjon Swol

Stasjon Swol (Zl) is it spoarweistasjon fan Swol, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Oerisel. It is in wichtich spoarpunt mei in soad oerstappers. Spoarlinen út de rjochtingen Kampen, Ynskedee, Dimter, Emmen, Amersfoart, Meppel, Grins, Ljouwert en Lelystêd komme allegear yn Swol byinoar. Stasjon Swol is it drokste stasjon fan de provinsje Oerisel. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS earste klasse, en is ien fan de twa stasjons dy't yn dizze klasse boud is, de oar is Stasjon Doardt.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste stasjon fan Swol waard iepene op 6 juny 1864 mei it yn gebrûk nimmen fan de Spoarline Utert - Kampen, de spoarline fan de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij (NCS) dy 't Utert fia Swol mei Kampen ferbûn. Dit wie in tydlik stasjonsgebou omdat de NCS der op rekkene oer net al te lange tiid it meigebrûk te krijen fan it nije stasjon fan de Steatsspoarwegen, dat doe yn de planning stie boud te wurden. It yn 1873 ôfbrutsen gebou lei neist it hjoeddeiske stasjon, sa ûngefear oan de hjoeddeiske krúsing Rieteweg en Willemskade. Op dit plak wie letter, oant 1997, it perron fan de PTT foar it postferfier mei de trein. Yn 1866 iepene de Steatsspoarwegen (SS) it nije grutte stasjon fan it type earste klasse oan de spoarline Arnhim - Ljouwert (Steatsline A). Stasjon Swol is mei Stasjon Doardt de iennige twa 1e klasse SS-stasjons dy 't ea boud binne. De NCS makke lykas hope ek gebrûk fan dit stasjon. It stasjon beskikt oer sân trochgeande perronspoaren wêrfan seis oan wjerskanten fan trije eilanperrons, twa kopspoaren en in bûsspoar oan de westkant en fjouwer kopspoaren oan de eastkant. De perrons waarden yn 1950 mei-inoar ferbûn troch in reizgerstunnel. Yn 1992 is it gebou ynwindich ferboud en yn 1995 is de âlde perronkap ferfongen. Yn 2003 is op it 1e perron in nij stik perron-oerkaping yn gebrûk naam tusken it stasjonsgebou en de noardlike kopspoaren yn. Ek de stasjonstunnel komt ûnder dizze oerkaping út. Yn 2004 is de tunnel ferlinge nei de súdlike kant fan it stasjon. Yn 2011 waard dizze tunnel ôfbrutsen om plak te meitsen foar in nije tunnel dy't yn 2015 iepene waard.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
500 Intercity (NS) Rotterdam SintraalUtert-SintraalAmersfoart SintraalSwolAssenGrins In healoeretsjinst mei searjes 600 en 700.
600 Intercity (NS) LjouwertMeppelSwolAmersfoart SintraalUtert-SintraalRotterdam Sintraal In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800.
700 Intercity (NS) De Haach SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolAssenGrins In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800.
1800 Intercity (NS) De Haach SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolMeppelLjouwert In healoeretsjinst mei searjes 500 en 700.
3600 Intercity (NS) RoosendaalBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim SintraalSutfenDimterSwol
12600 Intercity (NS) GrinsAssenSwolLelystêd SintrumAlmere SintrumAmsterdam Sintraal Alinne freedtenachts
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei Den Haach Sintraal.
5600 Sprinter (NS) Utert-SintraalAmersfoart SintraalSwol
8100 Sprinter (NS) SwolMeppelAssenGrins In healoeretsjinst
9000 Sprinter (NS) LjouwertMeppelSwol Riid jûns en yn it wykein allinne tusken Ljouwert en Meppel (1x yn't oere).
RE 20
3800
Sneltrein (Arriva) SwolMariënbergEmmen
RS 23
7900
Sprinter (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee
RS 20
8000
Stoptrein (Arriva) SwolMariënbergEmmen
RS 22
8500
Sprinter (Keolis) SwolSwol StadshagenKampen
RE 20
13800
Sneltrein (Arriva) SwolCoevordenEmmen Alline yn de spits.
IC 23
17900
Intercity (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee allinne op wurkdagen oerdeis en 1x yn 'e oere.
32600 Nachttrein (Arriva)[1] GrinsAssenSwolLelystêd SintrumAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol Airport Alinne freedtenachts

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: