Springe nei ynhâld

Goslar (stêd)

Ut Wikipedy
Goslar
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
LânkringGoslar
Stedsyndieling18 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal50.253 (31.12.2023)
Oerflak163,71 km²
Hichte255 m
Oar
Stifting922 troch Hindrik I de Fûgelder
Koördinaten51° 54' N 10° 25' E
Lokaasje Goslar yn 'e lânkring Goslar
Lokaasje Goslar yn 'e lânkring Goslar
Offisjele webside
www.goslar.de
Kaart
Goslar (Nedersaksen)
Goslar

Goslar is in plak yn de Dútske dielsteat Nedersaksen; it stedsje leit yn 'e lânkring Goslar oan de noardrâne fan de Harz, sa'n 50 km besuden Braunschweig. De Gose, in sydrivierke fan de Oker, rint troch de stêd. De Gose wurdt yn Goslar Abzucht (ôffierkanaal) neamd omdat it wetter dat út de Rammelsbergminen komt, jusjes foar de binnenstêd yn de Gose streamt.

Njonken de stêd mei 8 Ortsteile binne yn 1972 noch 10 oare Ortsteile by Goslar yndield. Under dy Ortsteile heart ek it wintersportoarde Hahnenklee mei syn Gustav Adolf-staaftsjerke.

Sûnt 1992 steane de histoaryske binnenstêd mei de Rammelsbergminen en it Wetterbehearsysteem fan 'e Oberharz op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Fan 1935 oant 1945 wie Goslar in wichtige garnizoensstêd foar de Wehrmacht

Groei fan befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
JierYnwennertal
18217547
18489748
187111.900
188515.997
190523.640
192527.881
JierYnwennertal
193329.538
193934.371
194647.855
195053.804
195653.236
196154.151
JierYnwennertal
196853.819
197052.649
197553.963
198052.556
198549.636
199046.251
JierYnwennertal
199546.142
200044.278
200543.119
201040.989
201950.554
202450.253

Ofbylden histoaryske binnenstêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Goslar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Goslar fan Wikimedia Commons.