Rammelsbergminen, de histoaryske binnenstêd fan Goslar en it Wetterbehear fan de Oberharz
Rammelsbergminen, de histoaryske binnenstêd fan Goslar en it Wetterbehear fan de Oberharz | ||
UNESCO-wrâlderfgoed | ||
lân | Dútslân | |
UNESCO folchnûmer | 623 | |
kritearia | (i)(ii)(iii)(iv) | |
ynskriuwing | 1992 (sessy 16) | |
útwreiding | 2008, 2010 | |
gebiet | 1.009,89 ha | |
buffersône | 5.654,69 ha | |
Kaart | ||
UNESCO-wrâlderfgoedlist |
Under de namme Rammelsbergminen, de histoaryske binnenstêd fan Goslar en it Wetterbehear fan de Oberharz yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen foarmje de histoaryske bouwurken en technyske monuminten fan 'e mynbou yn 'e Oberharz UNESCO-wrâlderfgoed.
It wrâlderfgoed hat in totaal oerflak fan 220 km² en bestiet út in grut oantal museale lokaasjes en foar it publyk iepene monuminten.
Rammelsbergminen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rammelsbergminen binne de ertsminen, dy't mear as tûzen jier yn bedriuw wiene en yn 1988 sletten binne. De stêd Goslar hat syn rykdommen oan 'e minen te tankjen. It Frankenberger Viertel is de âlde wyk dêr't de mynwerkers harren sûnt likernôch 1500 nei wenjen setten. Fierder is der noch in part fan it mynwerkershospitaal bewarre bleaun.
Histoaryske binnenstêd Goslar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De histoaryske binnenstêd fan Goslar hat mear as 1500 fakwurkhûzen. De keizerpalts waard yn 'e 11e iuw as residinsje foar Hindrik II fan it Hillige Roomske Ryk boud. Yn it Frankenberger Viertel setten de mynwerkers harren sûnt de 15e iuw nei wenjen.
Wetterbehear fan 'e Oberharz
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2010 hat UNESCO ek it wetterbehear fan 'e minen op 'e wrâlderfgoedlist tafoege. Healwei de 14e iuw rekke de mynbou troch de pest yn in krisis. It ynkringen fan wetter yn 'e putten wie net mear te kearen. Om 't der yn 'e 16e iuw in soad ferlet fan sulver foar it slaan fan munten nedich wie, brochten nije techniken de mynyndustry yn 'e Harz op 'e nij ta bloei. It wie no mooglik om net allinne it mynwetter ôf te fieren, mar ek om dat om te setten yn enerzjy. Dêrmei koe der djipper groeven wurde. Der waard in wiid fertakke systeem fan ôffiertunnels, sletten en keunstmjittige fivers oanlein. Fan bysûnder technyske fernimstigens tsjûgje it akwadukt Sperberhaier Damm en de Oderteich, dy't oant yn 'e 19e iuw de grutste daam fan Dútslân wie.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory UNESCO-wrâlderfgoed yn 'e Harz. fan Wikimedia Commons. |