Stasjon Goes
Stasjon Goes station Goes | ||
Stasjon Goes yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Seelân | |
Gemeente | Goes | |
plak | Goes | |
adres | Stationsplein 11 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Gs | |
iepening | 1 july 1868 | |
boujier | 1863 1e stasjonsgebou 1982 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1980 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1863 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1982 K. van der Gaast 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline F | |
7148 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Goes (Gs) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Goes yn de provinsje Seelân. En waard iepene yn 1868 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissinen).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Goes wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fjirde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van BrederodeIt stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1873 oan wjerskanten al útwreide mei twa fleugels, de fleugel oan de rjochterkânt waard yn 1902 útwreide de linkerfleugel folge yn 1914. Yn de jierren 30 waard der in leech part foar de foargevel pleatst mei in plat dak. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1982.
It stasjon waard yn 1982 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Koen van der Gaast. De oarspronklike perronoerkaping waard lykwols behâlden. It eilânperron fan stasjon Goes kin fanút de stasjonshal, dy't noardlik fan de spoaren leit, berikt wurde troch middel fan in fuotgongerstunnel. Oan de westkant fan it perron is der ek in oerwei, dy 't liedt nei it busstasjon. Yn 2002 waard de tunnel ferlinge en fan in twadde útgong oan de súdkant fan it stasjon foarsjoen. Yn 2012 waard it stasjon foarsjoen fan liften om de tagonklikens foar reizigers mei in rolstoel te ferbetterjen.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leiden Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Goes – Middelburch – Flissingen | |
12200 | Intercity (NS) |
Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Middelburch – Flissingen | rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins. |
6100 | Sprinter (NS) | Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Middelburch – Flissingen | In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|