Stasjon Breda
Stasjon Breda Station Breda | ||
Stasjon Breda yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Breda | |
plak | Breda | |
adres | Gravinnen van Nassauboulevard 43 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Bd | |
type | Kopstasjon | |
iepening | 1 juny 1866 | |
boujier | 1854 1e stasjonsgebou 1863 2e stasjonsgebou 1975 3e stasjonsgebou 2014 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1868 1e stasjonsgebou 1974 2e stasjonsgebou 2014 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1854<brKarel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1863 Karel Hendrik van Brederode 2e stasjonsgebou 1975 K. van der Gaast 3e stasjonsgebou 2014 Koen J. van Velsen 4e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 7 | |
spoarline | Steatsline I Steatsline E Roosendaal - Breda | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Breda (Bd) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Breda, en waard iepene yn 1855. It leit benoarden de binnenstêd. Yn dizze Brabânske stêd is yn 2014 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1854 iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjon yn Breda waard iepene op 1 maaie 1855, Dit wie in houten gebou omdat der in bouferbod jilde yn ferbân mei it skoatsfjild. Omdat Breda doe noch in fêsting wie en it stasjon ûnder de beheiningen fan de Fêstingwet foel, wie it sa útfierd dat it yn tiden fan oarloch gau sloopt wurde kinne soe. It gebou hat der oant 1968 stien.
Doe't steatsline E oanlein waard krige Breda in nij stasjonsgebou dit waard in laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldie hjirmei ek oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet. De fêstingwet waard yn 1874 oanpast, mar it 2e stasjonsgebou fan breda is oant 1974 bestean bleaun.
Yn 1975 kaam it 3e stasjonsgebou fan Breda ree nei ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast, It bestie benammen út in hege oerkaping oer de twa oarspronklike eilânperrons, mei dêrfoar in ienfâldich yngongsgebou.
2014 makke it stasjonsgebou út 1975 plak foar in nij stasjon nei ûntwerp fan Koen van Velsen, in strak gebou mei winkels, kantoaren en apparteminten en in parkeargaraazje.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
9200 IC 35 |
Intercity direct (NS International) |
Amsterdam Sintraal – Skiphol Airport – Rotterdam Sintraal – Breda – Noorderkempen – Antwerpen-Sintraal – Mechelen – Brussels Airport-Zaventem – Brussel-Noard – Brussel-Sintraal – Brussel-Súd | Fia HSL, tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde. |
1100 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delf – Rotterdam Sintraal – Breda – Tilburch – Eindhoven Sintraal | |
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol | |
21400 | Intercity (NS) | Sintraal – Breda – Eindhoven Sintraal – Utert Sintraal | Alinne freedtenachts |
6600 | Sprinter (NS) | Doardt – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal | Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|