Stasjon Saandam

Ut Wikipedy
Stasjon Saandam
station Zaandam
Stasjon Saandam yn 2012
Stasjon Saandam yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
plak Saandam
adres Provincialeweg 31
arsjitektuer
stasjonskoade Zd
iepening 1 maaie 1868
boujier 1867 1e stasjonsgebou
1983 2e stasjonsgebou
sloopjier 1983 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1867
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1983
P.A.M. Kilsdonk
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Steatsline K
Saandam - Inkhuzen
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Saandam (Noard-Hollân)
Stasjon Saandam

Stasjon Saandam (Zd) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske Stêd Saandam yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon waard iepene yn 1868 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal).

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1e stasjonsgebou stasjon Saandam om en de by 1920

It oarspronklike spoarweistasjon fan Saandam wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

It stasjon waard yn 1983 ôfbrútsen om't de ynfrastruktuur yn Saandam feroare waard, it folsleine stasjon skode derom 300 meter op nei it súden, it nije stasjonsgebou waard ûntwurpen troch arsjitekt Peter Kilsdonk. Yn maart 2018 waard begûn oan in ferbouwing wêrby 't it stasjon in typysk Saansk uterlik krige, yn 2020 waard it fernijde stasjon iepene. De metalen perronoerkapping út 1983 bleau al yn de âlde steat.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven Sintraal's-HertogenboschUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmar – (De Helder) Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
3000 Intercity
(NS)
NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: