Grutte Tsjerke (Skagen)
Grutte Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Skagen | |
adres | Markt | |
koördinaten | 52° 47'N 4° 47'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J.A.G. van der Steur | |
boujier | 1895-1897 | |
boustyl | neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 495703 | |
Webside | ||
PKN Skagen | ||
Kaart | ||
De Grutte Tsjerke is in tsjerke yn it sintrum fan 'e Noard-Hollânske stêd Skagen. De tsjerke waard tusken 1895 en 1897 boud neffens in ûntwerp fan J.A.G. van der Steur en stiet op it plak fan 'e foargonger, dy't yn 1895 folslein ôfbaarnde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde tsjerke waard boud nei't Skagen stedsrjochten krige. Dat wie in ienskippich tsjerkegebou mei oan beide kanten in lettere útbou oant it koer. It koer wie rûn en hie fiif grutte goatyske finsters. De tsjerke hie in eastlike oriïntaasje en in toer dy't letter nochris ferhege waard. Dy toer en it lytse tuorke op it skip waarden ôfsletten mei in sipel. Dy tsjerke baarnde by in reparaasje oan 'e goaten op 29 augustus 1895 ôf, mooglik troch't de leadjitter net goed oppaste mei it fjoer foar de soldearbouten. De wyn treastge it fjoer oan en al gau gie it hiele gebou ferlern.[1]
De ruïne fan 'e tsjerke waard noch yn itselde jier ôfbrutsen en der waard útein set mei de bou fan in nije tsjerke, dy't opfallend ryk fersierd is. De arsjitekt J.A.G. van der Steur hie it ûntwerp makke yn 'e styl fan 'e neogotyk en paste eleminten ta fan 'e âlde tsjerke, lykas de iepen sipel op 'e toer. Yn 1897 waard de tsjerke foltôge. Yn 1923 waard yn 'e tsjerke in houten skieding oanbrocht, sadat it ynterieur twa traveeën koarter waard.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is yn 1901 troch de bruorren Van Dam boud. It hat 29 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. Feroarings yn 'e jierren 1960 binne by in restauraasje troch Bakker & Timmenga yn 'e jierren 1990 weromdraaid. It oargel waard yn 2018 nochris troch Bakker & Timmenga restaurearre.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|