Springe nei ynhâld

Maarsseveen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maarssefean)
Maarsseveen
Lokaasje fan Maarsseveen yn de eardere gemeente Maarssen
Lokaasje fan Maarsseveen yn de eardere gemeente Maarssen
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Stichtske Fecht
Oar
Postkoade 3602
Koördinaten 52° 8' NB, 5° 4' EL
Lokaasje Maarssen
Maarsseveen is ien lange dyk
Maarsseveen

Maarsseveen is part fan de gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert.

De namme Marcevene (Maarsseveen) wie al yn de lette midsiuwen bekend. Fan 1818 oant 1 july 1949 wie it in selsstannige gemeente. De bebouwing oan de noardkant fan de Nassaustrjitte yn it hjoeddeiske Maarssen foel ûnder de gemeente Maarsseveen, teffens de Bethunepolder, Oud-Maarsseveen, en it plassegebiet eastlik fan de Maarsseveense Vaart.

Hjoeddeisk buorskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarsseveen bestiet út ien rjochte lange dyk fan mear as in kilometer lingte, de Hearrenwei. Oarspronklik in túnbougebiet mar dy aktiviteit wurdt stadichoan minder. Der is noch ien feehâlder en de measte huzen wurde no foar gewoane bewenning brûkt. In soad saneamde "ruilferkavelingswenten" binne de ôfrûne jierren ôfbrutsen en ferfongen troch nije wenningen.

Troch ferkaveling en turfwinning binne in soad stripen en plassen ûntstien yn it, fan oarsprong, sompe-eftige gebiet. It noardlike part is no natoerreservaat en deie mei yn it NCRV-programmahet mooiste plekje van Nederland. De plassen súdlik fan Molenpolder binne yn de jierren sechtich foar sânwinning útgroeven: it sân is ûnder oare brûkt by de oanlis fan de Utertse wyk Overvecht. It rekreaasjegebiet de Maarsseveense Plassen is no ien fan de wichtichste wetterrekreaasjegebieten yn de regio. It wurdt hast hielendal beheard troch troch it Rekreaasjeskip de Stiftse Grienlannen, in gearwurkingsferbân tusken inkelde gemeenten en de provinsje Utert.

Oan de súdkant fan Maarsseveen, tsjin de N230 (Zuilense Ring, de Ring Utert fan de A2 ôfslach Maarssen/Utert Noard ôf) leit de Kleine Maarsseveense Plas, mar dy hat net folle rekreative betsjutting. Der is in oanlisplak foar fiskersboatsjes (hier) mar der is net folle aktiviteit te fernimmen. Dy plasse is ek troch sânwinning ûntstien. Der rint in paad omhinne dat benammen brûkt wurdt troch minsken om hûnen út te litten.

Op de grutte én op, de lytse plasse binne boaten mei motors ferbean; boatsjes mei elektryske motors binne wol tastien. Troch de grutte djipte fan de plassen moat by it swimmen rekken hâlden wuren mei tige kâld wetter op bepaalde plakken. Troch dy djipte is de plasse winterdeis net sa gau tichtferzen en is reedriden noedlik.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stichtske Fecht
Doarpen:
BreukelenKockengenLoenen oan de FechtLoenerslootMaarssenMaarssenbroekNieuwersluisNieuwer Ter AaNigtevechtOud-ZuilenTienhovenVreeland
Buorskippen:
BethunepolderKerklaanMaarsseveenMolenpolderMijndenNieuwerhoekNieuw-MaarsseveenOud-Maarsseveen
· · Berjocht bewurkje