Springe nei ynhâld

Tienhoven (Stichtske Fecht)

Ut Wikipedy
Tienhoven
Grifformearde Tsjerke
Grifformearde Tsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Stichtske Fecht
Sifers
Ynwennertal 1.775 (2021)[1]
Oar
Postkoade 3612
Koördinaten 52° 10' NB, 5° 5' EL
De Trouwe Waghter
Oergroeid fort

Tienhoven is in doarpke yn de gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert. It doarp hat 1.775 ynwenners (2021).

In stik lân, grut tsien hoeven (flaktemjitte) waard yn 1243 troch Herman fan Maarssen oan it kapittel fan de Piterstsjerke fan de stêd Utert ferkocht. Yn 1811 waard de eardere hearlikheid Tienhoven in gemeente dy't yn 1812 mei Oud-Maarsseveen, Nieuw-Maarsseveen en Breukeleveen gearfoege waard ûnder de namme gemeente Tienhoven. Lang duorre dy sitewaasje net, want yn 1818 waard Maarsseveen in selsstannige gemeente en waard Tienhoven fannijs beheind ta syn âlde grûngebiet. Yn 1957 waard de gemeente Tienhoven opheft en by Maarssen yndield, dy't yn 2011 yndield yn de nije gemeente Stichtske Fecht.

Beëasten it doarp stiet de eardere poldermole De Trouwe Waghter út 1832.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp leit oan de Europeeske kuierrûte E11, yn it doarp ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oan de grins fan Poalen mei Litouwen ta. Fierders hat Tienhoven in fuotbalferiening, csv VIOD (Vooruitgang Is Ons Doel).

Ryksmonuminten by Tienhoven

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tienhoven fan Wikimedia Commons.
Stichtske Fecht
Doarpen:
BreukelenKockengenLoenen oan de FechtLoenerslootMaarssenMaarssenbroekNieuwersluisNieuwer Ter AaNigtevechtOud-ZuilenTienhovenVreeland
Buorskippen:
BethunepolderKerklaanMaarsseveenMolenpolderMijndenNieuwerhoekNieuw-MaarsseveenOud-Maarsseveen
· · Berjocht bewurkje