De Trouwe Waghter
| De Trouwe Waghter | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Tienhoven | |
| koördinaten | 52°10' N 5°5' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | wipmûne | |
| funksje | poldermûne | |
| boujier | 1832 | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 26483 | |
| Kaart | ||
De Trouwe Waghter is in wipmole eastlik fan it doarpke Tienhoven yn 'e Utert.
De mole waard yn 1832 as ferfanging fan twa âldere moles boud, dy't op in oar plak it wetterskip Breukelerfean bemeallen. Troch turfwinning en it ûntstean fan de Loasdrechtske Plassen waard bemealling yn it eastlike gedielte fan de polder needsaaklik en dêrom waard de mole boud.
Oant 1948 hat de mole de polder bemealle mei in skeprêd. Yn 1950 gie de mole yn partikuliere hannen oer en waard it binnenwurk útbrutsen en waard de mole as wykeinferbliuw ynrjochte. Yn 1960 kaam de mole yn hannen fan Natoermonuminten, dy't de mole yn 1970 draairee restaurearje liet. Sûnttiids is de mole op frijwillge basis sa út en troch draaiend te sjen. Yn 2008 hat der werstelwurk west oan it ryksmonumint.
De mole hat roeden mei in lingte fan mear as 20 meter, dy't in âldhollânsk stekwurk mei seilen hawwe.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mole hat sûnt de Twadde Wrâldoarloch de namme De Trouw Waghter. Dy namme krige de mole troch de rol, dy't de mole foar ûnderdûkers spile hat. De destiidske mûnder joech middels ferskate wjukstannen sinjalen troch.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |