Vreeland
Vreeland is in doarp yn de gemeente Stichtske Fecht yn it noardwesten fan de provinsje Utert. It leit oan de provinsjale wei Vinkeveen-Hilfertsom (N201). Vreeland hie yn 2004 1530 ynwenners en is fan oarsprong in stêd, fan 1265 - 1560 hie it stedsrjochten. Hoewol't guon hitoarisy bestride oft de stedsrjochten echt ûntnomd binne, wurdt der algemien oannomd dat dit wol sa is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it stee fan de hjoeddeiske Vreeland lei nei alle wierskyn al om de 7e/8e iuw de delsetting 'Dorssen' (of Dorsken/Dursken). Archeologyske bewizen binne hjirfan noch net fûn, mar yin de literatuer wurdt hjir wol fanút gien, hjirby ûnder mear ferwizend nei âlde nammejouwingen as de Dorssewaardse polder, dy't tsjin Vreeland oanlei. Sûnt it jier 1265 hat Vreeland stedsrjochten.
Kastiel Vredelant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1253 waard it slot 'Vredelant' boud yn opdracht fan de Utertske biskop Hendrik fan Vianden. Op de grins fan de provinsje Utert en Noard-Hollân liet de biskop dit slot bouwe op in wat heger plak yn it lânskip lâns de Fecht, oan de hjoeddeiske Kleizuwe. Mei de bou fan it kastiel woe de biskop oan de iene kant de lienmannen fan Hollân (de Hearen fan Aemstel) yn betwang hâlde, oan de oare kant woe hy foarkomme dat der in tol heft wurde soe op de Fecht. Dit wie fan grut belang, want in soad hannel gie oer de Fecht dy't foar Utert de ferbining foarme mei de Sudersee en Eastsee.
De bou fan it kastiel brocht in soad bedriuwichheid mei en al gau groeide der in lytse delsetting mei ambachtslju as in smid, in kastlein, ensfh. De biskop wie der tige tefreden mei en joech dizze delsetting al yn 1265 stedsrjochten (noch earder as Amsterdam). Tagelyk mei de bou fan de Dom fan Utert, liet de biskop ek yn Vreeland in tsjerke bouwe. Dizze âlde stêd 'Vredelant' groeide om meardere redenen noait út ta in grutte stêd en ein 16e iuw waarden de stedsrjochten wer ûntnomd en waard Vreeland wer in doarp.
It slot Vredelant hat in roerich ferline en hat in grutte rol spile yn de Nederlânske skiednis. It is meardere kearen belegere, ûnder mear troch Greve Floris V, om de bruorren fan Aemstel út it slot te krijen. It kastiel ken nei alle gedachten ek it âldste gebrûk fan buskrûd yn Nederlân. It kastiel wurdt ek wol it 'pânslot' neamd, omdat it sa faak ferpâne waard om oan jild te kommen. In soad skeel ûntstie ek - ier of let - nei it wer yn ûnderpân jaan fan it kastiel.
De âlde muorren fan it âlde slot binne yn 1528/1529 sljochte. Mei de stiennen waard de twangburcht Vredenburg yn Utert boud. Yn de 17e iuw wienen der plannen om Vreeland ta Ridderhofstêd te meitsjen. Hjirfoar soe it âlde slot wer opboud wurde. Hoewol't in opgravingsplattegrûn fan de fûneminten út 1653 bekend is, kaam it der lykwols net fan. Der waard in oanset jûn yn de foarm fan in lyts húske op de opgroeven fûneminten, mar dit hie in polityk motyf: allinnich dejinge mei in Ridderhofstêd kaam yn oanmerking sitting te nimmen yn de Ried fan Steaten.
Tsjintwurdich leit it archeologyske monumint ûnder de gersseadden, yn de jierren '70 noch yn gebrûk as fuotbalfjild fan de klup Sperwer. Op dit momint hat it terrein in funksje as 'boartersjild', en is fan it oarspronklijke slot en syn skiednis neat mear werom te sjen.
Ekonomy en nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vreeland leit yn de Fechtstreek, dy't neamd is nei de rivier de Fecht. Vreeland leit mids ferskate plassen, lykas de Loasdrechtske en de Kortenhoefse Plassen. De rivier en de plassen wurde brûkt foar wetterrekreaasje. Ek rinne meardere fytsrûtes troch it doarp, wêrtroch't it by moai waar in toeristyske trekpleister is.
Fierders rinne twa wannelpaden troch it doarp: it Floris de Fiifde-paad en sûnt septimber 2004 it Wetterlinypaad.
Vreeland hat in stjer-restaurant "De Nederlanden", in pankoekhûs "Noord-Brabant". Oan de bûtenrâne fan it doarp leit pleats "Ponderosa". Dizze buorkerij is op himsels al it besjen wurdich. Eartiids organisearre de eigener elk jier in Country & Western-festival op syn pleats, mar de easken dy't de brânwar oan dizze feesten stelde, betsjutten de ein fan dizze tradysje.
Yn de simmer is it op de plassen en it lân om Vreeland in drokte fan komsa. Hast elk seizoen hat wol in feest of partij, lykas in Hjerstmerk, in Krystmerk en net te ferjitten Keninginnedei.
As it winterdeis kâld genôch is, wurdt der op de omlizzende plassen en op de Fecht reedriden.
East fan Vreeland steane it âlde oergroeide Fort Kijkuit en de mûne Gabriël.
Sûnt it begjin fan de 21e iuw is der in polo-sintrum flak bûten it doarp. Hjir wurde polo-hynders treend en fersoarge. Oan oantal kearen jiers wurde hjir ek polo-wedstriden hâlden.
Yn Vreeland sit in fabryk fan de multinational Greiff (foarhinne "Van Leer"), dy't metalen en keunststof fetten makket.
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Vreeland steane twa mûnen. Yn it doarp de nôtmole De Ruiter út 1910 en ten noarden fan it doarp de poldermole Hoekermole út 1874.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |