Springe nei ynhâld

Nieuw-Maarsseveen

Ut Wikipedy
Kaart fan Oud- en Nieuw-Maarsseveen

Nieuw-Maarsseveen is in earder gejocht en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert. It is hjoed-de-dei part fan it doarp Maarssen yn de gemeente Stichtske Fecht

Johan Huydecoper fan Amsterdam kocht yn 1640 it gerjocht Maarsseveen, dêr't er hear fan Maarsseveen troch waard. Yn 1641-1647 spjalten de Steaten fan Utert it grutste part fan it gebiet fan it gerjocht Maarssen eastlik fan de Fecht ôf, dat tenei it gerjocht "Nieuw-Maarsseveen" foarmje soe. It gerjocht Maarsseveen waard sûnt dy tiid Oud-Maarsseveen neamd.

Tsjerklik hearden de ynwenners fan Maarsseveen sûnt 1604 ûnder Tienhoven. De ynwenners fan Nieuw-Maarsseveen foelen nei 1640 ûnder Maarssen.

Yn 1811 waard Nieuw-Maarsseveen in selsstannige gemeente. Yn 1812 waard dy gemeente lykwols al gearfoege mei Tienhoven, Oud-Maarsseveen en Breukeleveen ta de gemeente Tienhoven. Yn 1818 foarmen Oud- en Nieuw-Maarsseveen de selsstannige gemeente Maarsseveen, dy't yn 1949 troch de gemeente Maarssen anneksearre waard.

Mei it opheffen fan de gemeente Maarsseveen kaam der in ein oan de sitewaasje dêr't de gemeentegrins dwers troch Maarssen rûn. De namme ferdwûn ek fan de kaarten, want tenei wie der ien doarp Maarssen.

Stichtske Fecht
Doarpen:
BreukelenKockengenLoenen oan de FechtLoenerslootMaarssenMaarssenbroekNieuwersluisNieuwer Ter AaNigtevechtOud-ZuilenTienhovenVreeland
Buorskippen:
BethunepolderKerklaanMaarsseveenMolenpolderMijndenNieuwerhoekNieuw-MaarsseveenOud-Maarsseveen
· · Berjocht bewurkje