Springe nei ynhâld

Mijnden

Ut Wikipedy
Mijnden oan de Fecht

Mijnden is in buorskip yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert. It leit foar Nieuwersluis oer oan de rivier de Fecht.

Mijnden wie in hearlikheid yn de provinsje Noard-Hollân yn de gemeente Wijdemeren. De Hearlikheid wie iuwenlang in besit fan de famylje Van Amstel Van Mijnden. Yn 1845, kaam de hearlikheid yn hannen fan de jonge letterkundige Dr. Jan Conrad Hacke, nei syn houlik mei de rike jonkfrou Janna Catharina Susanna Elias. It jonge span hie lân kocht yn Nij Loasdrecht en begûn mei de oanlis fan it grutte lânhûs 'Eikenrode.' As hear fan Mijnden en de beide Loasdrechten, bewenne Dr. Hacke it lângoed, dêr't hy Dante’s Divina Commedia oersette. De hearlikheid Mijnden bleau yn besit fan de famylje Hacke van Mijnden oant 1973, doe't de erven twongen waarden harren âlde lângoed te ferkeapjen.