Springe nei ynhâld

Kassel (Frankryk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cassel)
Kassel
Cassel
Sintrum fan Kassel mei de abdij
Sintrum fan Kassel mei de abdij
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintNoarderdepartemint
Sifers
Ynwennertal2.198 (2023)[1]
Oerflak12,65 km²
Befolkingsticht.173.8 ynw./km²
Hichte31-176 m
Kaart
Kassel (Frankryk)
Kassel
Kaart
Sintrum fan Kassel mei de abdij

Kassel (offisjeel: Cassel) is in stêd yn it Frânske Noarderdepartemint; it plak leit yn de Frânske Westhoeke en Frânsk-Flaanderen.

Kassel leit op de 176 meter hege Kasselberch (mei dêrnjonken de 141 hege Wouwenberch, dy't ek wol Recollettenberch neamd wurdt), it heechste punt fan de Westhoeke. It plak is in regionaal sintrum (kantonhaadplak, ûnderwiisynstellingen) mei deitoerisme.

Sicht op ien fan de âlde Romeinske hearrewegen

Kassel is in âlde stêd, yn de Rominske tiid stifte as Castellum Menapiorum om as haadplak te tsjinjen foar de Menaapjers. Kassel leit op in krúspunt fan fiif âlde Romeinske wegen.

Berne yn Kassel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: