Nij-Amsterdam (Drinte)
| Nij-Amsterdam Nieuw-Amsterdam | ||
| It Van Gogh-hûs yn Nij-Amsterdam | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 4.730 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 13,60 km² (12,96 km² lân, 0,64 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 372 /km² | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | Spoarline fan Swol nei Emmen | |
| Postkoade | 7833 | |
| Netnûmer | 0591 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 42' 54" NB, 6° 51' 45" EL | |
| De Verlengde Hoogeveense Vaart yn Nij-Amsterdam | ||
| Kaart | ||
Nij-Amsterdam (Nederlânsk en offisjeel: Nieuw-Amsterdam, Drintsk: Neij-Amsterdam) is in doarp yn de gemeente Emmen yn it súdeasten fan de provinsje Drinte (Nederlân). It doarp hat 4.730 ynwenners 1 jannewaris 2023).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp Veenoord leit deun tsjin Nieuw-Amsterdam oan - winliken is it ien gehiel, Nij-Amsterdam - Veenoord. Dat in part in oare namme hat komt trochdat it foar de gemeentlike weryndieling fan Drinte yn in oare gemeente lei, yn Sleen. Nij-Amsterdam - Veenoord is in twillingdoarp. Sûnt 1 jannewaris 1998, hearre beide doarpen by de gemeente Emmen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amsterdamske belizzers neamden it feangebiet ynearsten it Amsterdamsche Veld (Amsterdaske Fjild). Nei't it omneamd waard ta Nij-Amsterdam waard it doarp noardliker boud. Yn 1860 kaam dêr de Verlengde Hoogeveense Vaart ree en de Amsterdamske belizzers f☼nen it better en fêstigje har dêre. De Hoogeveenske feart, earder al ferdjippe en ferbrede, waard doe yn eastlike en rjochting Emmen troch it fean lutsen. Dêr ûntwikkele Nij-Amsterdam troch him sterk mei Veenoord. Dêr ûntstie in soad bedriuwigens yn dy twa plakken. Nij-Amsterdam waard troch de turf ien fan de wichtichste turfmerken yn Nederlân. De oansluting mei Veenoord waard sels sa sterk dat de ttwa doarpen de bynamme "Twillingdoarp" krigen. Letter waard Zandpol dêr noch by belutsen. Dat doarp hat lykwols gjin grutte rôl by de ûntjouwings fan 'e yndustry yn en om Nij-Amsterdam en Veenoord spile.
Yn 'e snuorje fan 'e ûntjouwing fan Nij-Amsterdam kamen der in soad yndustriële bedriuwen, lykas skipswerven, kalkûnen en in jirpelmoalfabryk. Der kamen ferskate hotels yn it doarp. Yn ien fan dy hotels hat Vincent van Gogh in skoftke út-fan-hûs west.
Vincent van Gogh
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ferneamde skilder Vincent van Gogh hat yn 1863 it grutste part fan syn Drintske tiid trochbrocht yn Nij-Amsterdam. Hy wie de measte tiid yn it saneamde loazjemint Scholte. Hjoed-de-dei stiet dat bekend as it Van Gogh Hûs. Neffens sizzen betelle Van Gogh de hier mei skilderings, mar dat de ferhierder dy net wurdearje koe en dêrom as baarnhout brûkte. De krektens dêr is lykwols net fan fêststeld. Van Gogh skildere ûnder oaren de "Ophelbrêge yn Nij-Amsterdam".
De gemeente Sleen woe ynearsten it Van Gogh Hûs slope, dochs dat koe op it lêste momint tefoarren kommen wurde. Hjoed-de-dei docht it tsjinst as restaurant en museum.
Stasjon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit oan 'e spoarline fan Swol nei Emmen. Dy line waard yn 1905 iepene en doe troch NOLS oanlein. It doarp hie doe al twa steamtramferbings. It stasjon fan DSM waard en 1899 iepene en dat fan EDS yn 1903. It stasjon fan Nij-Amsterdam leit lykwols yn Veenoord, wylst de útgong yn Nij-Amsterdam útkomt.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Herfoarme tsjerke, arsjitekt H.C. Winters.
- Grifformearde tsjerke yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle, arsjitekt W. van Straten.
- Filla La Paix, wente fan Lodewijk Dommers,[2] ryksmonumint.
- It Van Gogh Hûs, dêr't Vincent van Gogh yn 1883 tahold.
Berne yn Nij-Amsterdam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dini Hobers (10 desimber 1932), atlete
- Bas Sibum (26 desimber 1982), proffuotballer
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Emmen | ||
|---|---|---|
| Stêd: Emmen | ||
| Doarpen: Barger-Compascuum • Emmer-Compascuum • Erica • Klazienaveen • Nieuw-Dordrecht • Nieuw-Schoonebeek • Nieuw-Weerdinge • Nij-Amsterdam • Roswinkel • Schoonebeek • Veenoord • Weiteveen • Zwartemeer | ||
| Buorskippen: Amsterdamscheveld • Barger-Erfscheidenveen • Barger-Oosterveld • Barger-Oosterveen • Emmer-Erfscheidenveen • Ermerveen • Foxel • Klazienaveen-Noard • Koelveen • Middendorp (Schoonebeek) • Munsterscheveld • Noordbarge • Oosterse Bos • Oranjedorp • Weerdinge • Westenesch • Westersebos • Wilhelmsoord • Zandpol • Zuidbarge | ||