Barger-Oosterveld
Barger-Oosterveld | ||
Gerardus Majellatsjerke yn Barger-Oosterveld | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Emmen | |
plak | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.075 (2017)[1] | |
Oerflak | 186 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 7826 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 46' 19" NB, 6° 57' 22" EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.barger-oosterveld.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Emmen |
Barger-Oosterveld is in wenwyk en earder doarp yn de Drintske stêd Emmen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak leit súdeastlik fan de kearn fan Emmen en wurdt dêrfan skaat troch de N391, dy't foar dat part as de Rûnwei fan Emmen tsjinnet. It plak hat goed 3.000 ynwenners en ûntstie as in plak foar de lânoanmakkerij fan it omlizzende heidelân. It plak sels leit op in hegere sânrêch, in útrinner fan de Hûnsrich, wol tsien meter heger as it omlizzende feangrûn, dat hjoed-de-dei as lânbougrûn tsjinnet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de brûnstiid wie der al bewenning op it plak. Yn 1953 waard in dagge yn Barger-Oosterveld fûn, de Dolk van Barger-Oosterveld. Op 9 maart 1957 waard yn it plak de oerbliuwsels fan in timpeltsje fûn. It wie in houten konstruksje fan twa by twa meter omjûn troch in sirkel fan stiennen. It hie dus in religieuze betsjutting. It timpeltsje stiet hjoed-de-dei yn it Drintsk Museum yn Assen.
It doarp sels ûntstie yn 1880, want yn 2005 waard it 125-jierrich bestean fan it doarp fierd. It hjoeddeistige doarpsgebiet wie oant de ein fan de njoggentjinde iuw in heidegebiet, Oosterveld (Easterfjild) fan de marke fan Barge (Noordbarge en Zuidbarge). De earste bewenners kamen der al om 1870 hinne en wiene loksikers dy't op it feilige sângrûn meiprofitearje woene mei de oanmakkerijen fan it omlizzende feangea. Letter kamen der boeren fan benammen Barger-Compascuum dy't it gebiet begûnen te ûntjaan. Hja wiene roomsk-katoliken fan Dútsk komôf út it oanbuorjende Hannover wei, en waarden dêrom Hannoverianen neamd. Troch grûn fan de Barger boeren te pachtsjen koene se dêr harren eigen bestean opbouwe.
It doarp wie ynearsten in sânfeankoloniaal weidoarp mei fersprate bebouwing. It ûntstie by de fan noard nei súd rinnende sânwei Oosterveldsestraat en de fan west nei east rinnende Splitting dy't dit feanlân ferbûn. Om 1940 hinne ûntstie der in strakkere lintbebouwing oan de Oosterveldsestraat. Om 1970 hinne waarden der útwreidingswiken by boud en ûntstie suver in doarpskom. De iepen plakken tusken de bebouwing yn oan de Splitting waard sa stadichoan folboud. Troch it waaksen fan Emmen yn súdeastlike rjochting en troch it bouwen fan sportpark Meerdijk, kaam Barger-Oosterveld tsjin Emmen oan te lizzen en waard it winliken in wenwyk fan de stêd mei noch hieltyd in streekdoarplik karakter. Yn 1978, doe't it postkoadesysteem útfierd waard, joech de gemeente Emmen oan guon doarpen wêrûnder Barger-Oosterveld, dy't troch de útwreidings fan Emmen yn de beboude kom fan de stêd kamen te lizzen, gjin eigen postkoade. Sadwaande waarden dy doarpen formeel wiken fan de stêd. De ynwenners fan dy doarpen beskôgje harren doarpen noch hieltyd as "doarp by Emmen".
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de ein fan de Splitting is de Gerardus Majellatsjerke, in roomsk-katolike tsjerke dy't yn 1906 boud waard. De tsjerke waard wijd oan Gerardus Majella, de earste yn Nederlân dy't oan dy hillige wijd is. De oanset dêrfan waard jûn troch de pastoars Vinke (1866-1938) fan Munsterscheveld en Weninck (1863-1920) fan Barger-Compascuum}. Hja ferearen beide de hillige Gerardus. Al rillegau waard it plak in beafeartsoard fan Gerardusferearders. Yn 1922 waard de tsjerke fergrutte troch arsjitekten Joseph Cuypers en syn soan Pierre Cuypers jr.
Op de lêste sneins foar 29 juny, it feest fan Petrus en Paulus, is de jierlikse beafeart.
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne in tal fan foarsjennings yn Barger-Oosterveld lykas in iepenbiere en roomsk-katolike basisskoalle. Ek leit yn de wyk it sportpark Meerdijk, dêr't fuotbalklup FC Emmen syn thúswedstriden spilet. SVBO, de fuotbalferiening fan Barger-Oosterveld, is de amateurklup fan de wyk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Barger-Oosterveld fan Wikimedia Commons. |
Wiken en buerten yn Emmen | ||
---|---|---|
Wiken: Angelslo • Bargeres • Bargermeer • Delftlanden • Emmerhout • Emmermeer • Emmerschans • Parc Sandur • Rietlanden • Sintrum | ||
Buorskippen: Barger-Oosterveld • Noordbarge • Weerdinge • Westenesch • Zuidbarge | ||
· · |
Emmen | ||
---|---|---|
Stêd: Emmen | ||
Doarpen: Barger-Compascuum • Emmer-Compascuum • Erica • Klazienaveen • Nieuw-Dordrecht • Nieuw-Schoonebeek • Nieuw-Weerdinge • Nij-Amsterdam • Roswinkel • Schoonebeek • Veenoord • Weiteveen • Zwartemeer | ||
Buorskippen: Amsterdamscheveld • Barger-Erfscheidenveen • Barger-Oosterveld • Barger-Oosterveen • Emmer-Erfscheidenveen • Ermerveen • Foxel • Klazienaveen-Noard • Koelveen • Middendorp (Schoonebeek) • Munsterscheveld • Noordbarge • Oosterse Bos • Oranjedorp • Weerdinge • Westenesch • Westersebos • Wilhelmsoord • Zandpol • Zuidbarge | ||
· · |