Parc Sandur
Parc Sandur | ||
Rekreaasjepark Parc Center Sandur | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Emmen | |
plak | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.065 (2017)[1] | |
Oerflak | 328 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 7828 | |
Offisjele webside | ||
http://woonparcsandur.nl/woonparcsandur.nl | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Parc Sandur yn de stêd Emmen |
Parc Sandur is in wenwyk en rekreaasjepark yn it suden fan de Drintske stêd Emmen.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt fan de geologyske term sandur itjinge in útrinner fan in gletsjer betsjut. Dat komt oerien troch syn lizzing oan it meast súdlike punt fan de Hûnsrich. De wyk leit oan de Grote Rietplas, in keunstmjittige mar. De westlike helte fan de wyk is in rekreaasjepark en de eastlike helte is in wenwyk mei likernôch 800 wenten en 2.065 ynwenners. Oant de 1990-er jierren bestie it gebiet noch út flak greidlân. In plan en bou en rekreaasjesintrum oan de Rietplas late ta ynearsten finansjele problemen, dochs waard der letter in plan mei wentebou en rekreaasje presintearre dy't al slagge.
Rekreaasjepark
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike helte fan de wyk is in rekreaasjepark. Hast alle hûzen steane oan it wetter en yn iepen ferbining mei de Grote Rietplas. Sûnt 2015 fersoarget Center Parcs de eksploitaasje fan it park ûnder de namme Center Parcs Parc Sandur. Yn it park is in supermerk oanwêzich.
Wenwyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wenwyk is basearre op de Ingelske New Garden Cities. Der waarden guon singels útgroeven, dêr't de grûn fan brûkt waard en ferheegje parten fan de wyk. De earste wenten kamen yn 1998 ree en waarden allegear boud mei in hege naal en lege dakgoaten. Yn de iene strjitte hawwe de hûzen blauwe dakpannen en yn de oare hawwe se readen. Nijsgjirrich is dat eltse strjitte syn eigen hûstype hat.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wiken en buerten yn Emmen | ||
---|---|---|
Wiken: Angelslo • Bargeres • Bargermeer • Delftlanden • Emmerhout • Emmermeer • Emmerschans • Parc Sandur • Rietlanden • Sintrum | ||
Buorskippen: Barger-Oosterveld • Noordbarge • Weerdinge • Westenesch • Zuidbarge | ||
· · |