Noordbarge

Ut Wikipedy
Noordbarge
Hynders yn in greide mei op de eftergrûn huzen fan Noordbarge
Hynders yn in greide mei op de eftergrûn huzen fan Noordbarge
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen
plak Emmen
Sifers
Ynwennertal 1.060 (2017)[1]
Oerflak 116 ha
Oar
Postkoade 7812
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 46' 1" NB, 6° 52' 59" EL
Offisjele webside
http://www.barger-oosterveld.nl/
Kaart
Noordbarge (Drinte)
Noordbarge
Lizzing yn Drinte
Kaart
Hynders yn in greide mei op de eftergrûn huzen fan Noordbarge
Lizzing yn Emmen

Noordbarge is in wenwyk en earder doarp yn de Drintske stêd Emmen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk leit yn it westen fan Emmen tichteby it Sintrum en wurdt begrinzge troch de Hondsrugweg (Hûnsrichwei) yn it easten, troch de wyk Bargeres yn it suden, troch de Noordbargerbosk yn it westen en troch de Ermerweg yn it noarden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de pleatslike histoaryske kommisje is Noordbarge it âldste doarp fan Drinte. It soe algeduerigen bewenning sûnt de Trachterbekerkultuer hân hawwe. Der binne by it plak argeologyske fynsten dien út de Brûnstiid, Izertiid en Romeinske tiid. Om 800 hinne spjalt de delsetting him yn twa parten: Noordbarge en Zuidbarge.

De namme betsjut it noarden fan in barge of berge itjinge "by de heuvel" betsjut, foar Zuidbarge, itjinge it suden fan de barge/berge betsjut, oer.

Noordbarge lei, mank mei de doarpen Roswinkel en Westenesch, op it súdlikste part fan de Hûnsrich. De trije boeremienskippen besleaten de tsjerke yn it midden te bouwen. Om dy tsjerke hinne ûntstie Emmen. It gebiet hearde by de marke fan Barge en wie mei 15.000 bunder de grutste grûnbesitter. It feangebiet by Noordbarge waard troch de bewenners fan Noordbarge net brûkt en waard ferkocht oan feanterijmaatskippijen út Amsterdam en Doardt wei. It [[Oranjekanaal] waard groeven, mar waard gjin sukses omreden de ferskillen yn hichte yn it gea.

By de befrijing fan Noordbarge oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich, rekken der 17 pleatsen, wenten en skuorren skansearre en sneuvelen der twa Dútsers en in stikmannich ferwûnen.

Eastlik fan de Hûnsrichwei waard nei de Twadde Wrâldkriich de wyk Bargermeer (net te betiizjen mei it yndustryterrein Bargermeer) oanlein dy't op grûngebiet fan Noordbarge lei en dus winliken part fan Noordbarge waard.

Yn 1978, doe't it postkoadesysteem útfierd waard, joech de gemeente Emmen oan guon doarpen wêrûnder Noordbarge, dy't troch de útwreidings fan Emmen yn de beboude kom fan de stêd kamen te lizzen, gjin eigen postkoade. Sadwaande waarden dy doarpen formeel wiken fan de stêd. De ynwenners fan dy doarpen beskôgje harren doarpen noch hieltyd as "doarp by Emmen".

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Ermerweg stiet de eardere Koöperative Suvelfabryk en Nôtmealderij Noordbarge, dêr't hjoed-de-dei in keunstmuseum yn fêstige is.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Noordbarge fan Wikimedia Commons.
Wiken en buerten yn Emmen
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
wizigje
Emmen
Stêd:
Emmen
Doarpen:
Barger-CompascuumEmmer-CompascuumEricaKlazienaveenNieuw-DordrechtNieuw-SchoonebeekNieuw-WeerdingeNij-AmsterdamRoswinkelSchoonebeekVeenoordWeiteveenZwartemeer
Buorskippen:
AmsterdamscheveldBarger-ErfscheidenveenBarger-OosterveldBarger-OosterveenEmmer-ErfscheidenveenErmerveenFoxelKlazienaveen-NoardKoelveenMiddendorp (Schoonebeek)MunsterscheveldNoordbargeOosterse BosOranjedorpWeerdingeWesteneschWestersebosWilhelmsoordZandpolZuidbarge
wizigje