Angelslo
Angelslo | ||
Angelslo | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Emmen | |
plak | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.800 (2017)[1] | |
Oerflak | 195 ha | |
Befolkingsticht. | 405 /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 7824 | |
Koördinaten | 52° 47' 52" NB, 6° 55' 52" EL | |
Karakteristike leechbou yn Angelslo | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Angelslo yn de stêd Emmen |
Angelslo is in wyk yn de Drintske stêd Emmen. De wyk is neamd nei it eardere doarp dat troch Emmen anneksearre waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angelslo ûntstie op it sângrûn fan de hegere Hûnsrich. Der wie yn de prehistoarje al bewenning dêre, sa fier as 45.000 jier werom. Der binne twa hunebúden yn it gebiet fan Angerslo fan goed 5000 jier werom. It doarp Angelslo moat yn de midsiuwen ûntstien wêze. In doarp fan grutte betsjutting hie it nea west want it foel ûnder de marke fan Noordbarge en Zuidbarge. Angelslo wie net mear as in boeredelsetting yn in boskryk gebiet. It efterheaksel -loo wiist op in boskryk gebiet. Yn 1938 kaam Angelslo ûnder Emmen. De gemeente Emmen wie doe noch in plattelânsgemeente mei in soad earmoede. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de gemeente, mank mei it súdeasten fan Drinte, oanmurken as ûntwikkelingsgebiet. Dat late ta it fêstigjen fan tekstyl- en metaalfabriken. Dêrtroch ûntstie ferlet foar wentebou. Emmen waard doe omfoarme ta in nijmoadrige stêd. Der waard keazen foar in griene iepen stêd om de stêd in doarps karakter hâlde te litten mei stedske foarsjennings. Dêrtroch kamen de nije wiken reedlik fier fan de oarspronklike kearn fan Emmen te lizzen. Angelslo waard yn de 1960-er jierren oanlein.
Untwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angelslo waard ta tsjinstelling fan de eardere boude wyk Emmermeer neffens in struktuer boud. De rasjonalistyske arsjitektuer fan de wyk besoarge de wyk ynternasjonale bekendheid. Yn de wyk is in soad leechbou mei in romme opset mei in soad omtinken foar grien- en parkearfoarsjennings. It midpart fan de wyk bestiet út wenblokken mei rychjehûzen, binne der oan de râne fan de wyk middelhege en hege flatgebouwen.
De stêdeboukundige Z. Naber en syn opfolger Niek de Boer, dy't it plan Emmen III, sa't it projekt ynearsten hiet, fierder útwurken, fûnen dat Angelslo in wyk dêr't de funksjes wenjen, wurkjen, ferkear en ûntspanning faninoar skaat wurde moasten. Drokke ferkear yn de wenbuerten moast tefoarren kommen wurde. Der moast in soad ljocht, loft en romte foar de bewenners wêze. De ûntwurpers betochten in hiërargyske opbou fan wente ta strjitte, ta buert, ta wyk. It ûntwerp wie neffens de prinsipe fan it nije bouwen, dat skaaimerke wurdt troch de platte dakken. Yn de wyk waarden gjin krusende diken oanlein, allinnich T-krusings. De Statenweg waared de haadwei dy't de ferkillende strjitten ferbynt. Dy strjitten haawe allegear in sydstrjitte dêr't de wenhiemen oan oanlein waarden.
It bouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angelslo waard yn de 1960-er jierren rap opboud. De tastream fan wurklju fan nije fabriken makke dat der ferlet fan wentebou op grutte skaal wie. De arsjitekten Th. Strikwerda en A. Oosterman wiene de wichtchste arsjitekten fan de wyk. Hja hawwe de likense wenten ûntwurpen. Dy foar, fan bouwen besparre net allinnich op kosten, mar soarge dêr foar dat de wyk in ienheid fan foarm krige. Utsein leechbou mei platte dakken binne der ferspraat by de wykrâne del 11 saneamde Egmondflats. Om 1975 waarden der oan 'e boskrâne, oan 'e ein fan eltse leane in heechbouflat boud. De flats wiene ornearre foar in dúdliek skieding fan de bebouwing, sa't de leechbou net oerrint yn bosk. Oan de Statenweg waarden de wichtichste foarsjennings lykas in wikelsintrum, skoallen, tsjerken, in moskee, hoareka, dokterspraktiken en tankstasjons konsintrearre.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angelslo hat in oerdutsen winkelsintrum, twa legere skoallen, ferskate skoallen foar fuortset en heger ûnderwiis en in eigen fuotbalferiening, SC Angelslo.
Der binne twa hunebêden, D46 en D47 yn de wyk dy't yn it wyksûntwerp ferwurke wiene.
Sûnt 2005 is der in stedsfernijing geande yn de wyk om't de wyk as ferâldere sjoen waard. Omreden de bysûndere karakteristike opbou is de wyk oanmurken as planologysk en stêdeboukundich erfgoed.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Angelslo fan Wikimedia Commons. |
Wiken en buerten yn Emmen | ||
---|---|---|
Wiken: Angelslo • Bargeres • Bargermeer • Delftlanden • Emmerhout • Emmermeer • Emmerschans • Parc Sandur • Rietlanden • Sintrum | ||
Buorskippen: Barger-Oosterveld • Noordbarge • Weerdinge • Westenesch • Zuidbarge | ||
· · |