Bargermeer
Bargermeer | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Emmen | |
plak | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50 (2017)[1] | |
Oerflak | 746 ha | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 46' N31" B, 6° 55' 24" EL |
Bargermeer is in samling fan bedriuweterreinen yn de Drintske stêd Emmen. In wenbuert mei deselde namme is part fan de wyk Noordbarge.
Bargermeer, dat "mar fan Barge" betsjut, wie earder in wier mar, dy't tusken Noordbarge en Zuidbarge yn lei. Hjoed-de-dei leit op dat plak it grutste yndustryterrein fan Emmen, dy't fan it sintrum yn it noarden ta de A37 yn it suden rint. It yndustrygebiet bestiet út de folgjende parten: Bargermeer-Noard, Bargermeer-Súd (mei meubelbûlevaar), Bedriuwepark A37, Businesspark Eigenhaard, Emmtec Industry and Business Park, Nijbracht Center (mei wenbûlevaar) en Oranjepoort.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eardere Bargermar, dy't op it plak fan it hjoedeistige yndustryterrein lei, lei ynklamme tusken twa sânrêgen yn it westen en easten, dy't útrinners fan de Hûnsrich binne, en yn it suden troch in heechfeangebiet. De mar wie net in djip mar en hie in oerflak fan likernôch 400 bunder. De mar wie fan belang foar de befolking yn de omkriten, lykas foar it waskjen fan skiep en it ferbouwen fan flaaks.
It wetter fan de mar waard ôffierd troch de lytse rivierkes Boerendelft en Garminge Delft. Doe't it Oranjekanaal groeven waard, betsjutte dat de ein fan de mar en de rivierkes. De mar rûn sa stadichoan leech, om't it Oranjekanaal guon meters leger leit as de eardere mar.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wiken en buerten yn Emmen | ||
---|---|---|
Wiken: Angelslo • Bargeres • Bargermeer • Delftlanden • Emmerhout • Emmermeer • Emmerschans • Parc Sandur • Rietlanden • Sintrum | ||
Buorskippen: Barger-Oosterveld • Noordbarge • Weerdinge • Westenesch • Zuidbarge | ||
· · |