Sintrum (Emmen)

Ut Wikipedy
Emmen-Sintrum
Sintrum fan Emmen
Sintrum fan Emmen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen
plak Emmen
Sifers
Ynwennertal 3.900 (2017)[1]
Oerflak 124 ha
Oar
Postkoade 7811
Koördinaten 52° 47' 50" NB, 6° 53' 41" EL
Offisjele webside
www.emmencentrum.nl
Kaart
Sintrum fan Emmen
Lizzing fan it sintrum yn de stêd Emmen

Emmen-Sintrum is it sintrum en it âldste part fan de Drintske stêd Emmen. It sintrum is in wichtich plak foar de stêd en foar de omkriten.

Lizing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sintrum fan Emmen leit lykwols net sintraal yn de stêd, mar suver oan 'e westkant. Dat komt omreden de bysûndere stedsopbou yn it ramt fan de iepen grien stêd. De wiken lizze relatyf fier fan it sintrum, de haadkearn fan Emmen, ôf. De wyk wurdt begrinzge troch de wyk Emmermeer yn it noarden, it spoar fan Swol nei Emmen yn it easten, oan 'e Dordtsestraat yn it suden en yn it westen troch it oarspronklike iesgea, dy't foar in part bewarre bleaun is. Yn 'e folksmûle wurdt it sintrum ek wol Emmen neamd, wylst de oare wiken ek wol as eigen plakken beskôge wurde. De âlderein hat it wol oer dorp (doarp), wylst de jongerein stad (stêd) sizze.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sintrum is rûchwei yn fiif parten te ferpartsjen. It Alde Sintrum, in winkelgebiet, foarmet mei de Merkplein, dat in eardere brink is, mei de Grutte Tsjerke, de histoaryske kearn. Eastlik dêrfan is it Rensenpark. Súdlik fan it Merkplein is De Weiert, in oerdutsen winkelsintrum, en it Riedhûsplein, dy't oer in part fan de Hondsrugweg (Hûnsrichwei) oerbrêget. Sintrum-West leit oan oare kant de Hondsrugweg. Dêr binne bioskoop Kinepolis Emmen, it plysjeburo en bistetún Wildlands. Noardlik en súdlik fan dy gebieten binne benammen wengebieten.

It Stasjon Emmen leit oan de noardeastkant fan it sintrum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Emmen ûntstie as in iesdoarp op de súdeastlike hoeke fan de Hûnsrich, in sânrêch fan 70 km, dy't fan Emmen nei Grins ta rint, mei in trochsneed hichte fan 20 meter boppe seenivo. Emmen bleau ynearsten in lyts doarp, mar troch de feanterij yn omlizzende feanlân, Emmen sels leit op ferhege sângrûn fan de Hûnsrich, woeks it doarp. Nei de twadde Wrâldkriich waard súdeastlik Drinte oanmurken as ûntwikkelingsgebiet. Dêrtroch fêstigen tekstyl- en metaalfabriken harren dêr. Emmen woeks dêrnei fluch en ûntjoech him ta in stêd. Neffens stêdeboukundige Niek de Boer soene de eardere feanwurklju harren dreech oanpasse yn in stêd te wenjen, dus ûntwurp er in iepen griene stêd, in doarps oansjoch mei stêdlike foarsjennings. De nije wenwiken waarden reedlik fier fan de oarspronklike kearn fan Emmen ôf boud. Dêrtroch kaam it sintrum net yn it midden, dochs oan de westkant fan de stêd te lizzen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wiken en buerten yn Emmen
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
wizigje