Springe nei ynhâld

Westenesch

Ut Wikipedy
Westenesch
Hunebêd D42 by Westenesch
Hunebêd D42 by Westenesch
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen
plak Emmen
Sifers
Ynwennertal 155 (2017)[1]
Oerflak 64 ha
Oar
Postkoade 7814
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 47' 10" NB, 6° 52' 19" EL
Offisjele webside
www.westenesch.nl
Kaart
Westenesch (Drinte)
Westenesch
Lizzing yn Drinte
Kaart
Hunebêd D42 by Westenesch
Lizzing yn Emmen

Westenesch is in buorskip en earder doarp by de Drintske stêd Emmen. De buorskip wie eartiids in selsstannich doarp, mar is hjoed-de-dei winliken in wenwyk fan Emmen. It doarp hat 155 ynwenners (2017) en is in beskerme doarpsgesicht.

Westenesch leit westlik fan Emmen en leit yn in iepen lânbougebiet. Tusken Emmen en Westenesch is in iezekompleks. Westenesch leit yn it suden fan de Hûnsrich.

Westenesch waard yn 1362 foar it earst neamd as Westenesche, yn 1510 as Westenessche en yn 1867 as Westenesch. De namme betsjut "by de westlike lizzende ies" ("boulân dat byinoar leit")

Yn 1978, doe't it postkoadesysteem útfierd waard, joech de gemeente Emmen oan guon doarpen wêrûnder Noordbarge, dy't troch de útwreidings fan Emmen yn de beboude kom fan de stêd kamen te lizzen, gjin eigen postkoade. Sadwaande waarden dy doarpen formeel wiken fan de stêd. De ynwenners fan dy doarpen beskôgje harren doarpen noch hieltyd as "doarp by Emmen".

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Westenesch binne der twa hunebêden, D42 en D44, wêrfan de lêste op in boerehiem leit en de iennige hunebêd yn Nederlân dy't yn priveebesit is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westenesch fan Wikimedia Commons.
Wiken en buerten yn Emmen
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
· · Berjocht bewurkje
Emmen
Stêd:
Emmen
Doarpen:
Barger-CompascuumEmmer-CompascuumEricaKlazienaveenNieuw-DordrechtNieuw-SchoonebeekNieuw-WeerdingeNij-AmsterdamRoswinkelSchoonebeekVeenoordWeiteveenZwartemeer
Buorskippen:
AmsterdamscheveldBarger-ErfscheidenveenBarger-OosterveldBarger-OosterveenEmmer-ErfscheidenveenErmerveenFoxelKlazienaveen-NoardKoelveenMiddendorp (Schoonebeek)MunsterscheveldNoordbargeOosterse BosOranjedorpWeerdingeWesteneschWestersebosWilhelmsoordZandpolZuidbarge
· · Berjocht bewurkje