Zwaag

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke yn Zwaag

Zwaag (Lânwestfrysk: Sweach) is in Westfrysk doarp yn de gemeente Hoarn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zwaag waard stichte yn de 13e iuw. De tsjerketoer datearret fan om ende by 1500. Oarspronklik bestie de befolking út seelju en ambachtslju. Zwaag wie doe in stêd, mar it ferlear syn stedsrjochten nei langduorjende strideraasjes mei it neistlizzende Hoarn. Fan de 15e iuw ôf wie Zwaag in doarp fan beietelers en melkfeehâlders. Fan 1900 ôf waarden der hieltyd mear kassen boud foar de blommetylt. Yn 1979 waard it in part fan Hoorn, sadat Hoorn útwreidzje koe en it befolkingoerskot fan Amsterdam opfange koe.
It grutste part fan de himrik fan Zwaag is no ferstedske en op plakken dêr't gjin huzen steane, binne yndustryterreinen oanlein.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]