Julianadorp

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Julianadorp yn de gemeente Den Helder

Julianadorp is in doarp yn de gemeente Den Helder yn de kop fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân, ûngefear 5 kilometer súd fan it haadplak fan de gemeente, Den Helder.

Oan de súdkant grinzet it oan de gemeente Skagen en oan de eastkant oan de gemeente Hollâns Kroan. It plak hat 13.925 ynwenners (1 jannewaris 2006). Simmerdeis soargje, meast Dútske, toeristen foar rom 900.000 oernachtings it jier. De ynwenners wurkje yn de blombollesektor, by de Marine, of binne forinzen nei de Rânestêd. In soad ynwenners wurkje yn Den Helder of yn de toeristenYndustry fan Julianadorp.