Faan (plak)
Appearance
(Trochferwiisd fan 't Foan)
Faan (Grinslânsk: 't Foan) is in doarp (mear in streek) yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân. It wurd faan komt fan it Aldfryske 'fane', dat fean betsjut en dat yn de omkriten in soad te finen is.
Yn de provinsje waard it doarp bekend troch de ferhalen om Rudolf de Mepsche dy't ek wol as de Mepsche fan Foan bekend stiet en dêr yn Hûs Bijma wenne. Faan leit oan it Hoendjip en de brêge yn de dyk fan Súdhorn nei Niekerk hjit dan ek de Fanerbrêge. Benoarden Faan leit it Niekerksterdjip.