Springe nei ynhâld

Dzjibûty (stêd)

Ut Wikipedy
Dzjibûty
Djibouti
Strjitte yn Dzjibûty
Strjitte yn Dzjibûty
Polityk
Lân Dzjibûty
Sifers
Ynwennertal 623.891 (2013)
Oerflak 630 km²
Befolkingsticht. 990 km²
Oar
Stifting 1888
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 11° 35' NB, 43° 09' OL

Dzjibûty (Frânsk en offisjeel: Djibouti; Arabysk: مدينة جيبوتي‎; Somalysk: Magaalada Jabuuti, Afar: Magaala Gabuuti) is de haadstêd fan Dzjibûty, it lân mei deselde namme, en leit oan de Golf fan Aden. Yn de stêd wenje ûngefear 400.000 minsken.

It is in wichtige havenstêd yn East-Afrika trochdat de haven op in strategysk belangryk punt leit, nammentlik oan de yngong fan de Reade See. Skippen op wei nei it Suezkanaal kinne hjir in tuskenstop meitsje.

Neist de sâltwinning is de haven de wichtichste boarne fan ynkomsten fan it lân.

De stêd waard yn 1888 stiften by de oanlis fan de haven troch de Spanjert Elio Pino yn opdracht fan de Frânsken. Fan 1892 oant 1977 wie Dzjibûty haadstêd fan Frânsk Somalylân.