Springe nei ynhâld

Delfsyl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Delfzijl)
Delfsyl
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 15.291 (2021) [1]
Oerflak 11,01 km²
wêrfan lân: 10,37 km²
wêrfan wetter: 0,60 km²
Befolkingstichtens 1475 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 55' E
Webside Side Delfsyl
Topografyske kaart fan de eardere gemeente Delfsyl

Delfsyl[2] (Nederlânsk en offisjeel: Delfzijl; Grinslânsk: Delfsiel) is in havenstêd yn it noardeasten fan de provinsje Grinslân oan de mûning fan de Iems.

Delfsyl hat de de grutste haven fan Noard-Nederlân mei 12 % fan de gemy fan Nederlân. Delfsyl is de fjirde stêd fan de provinsje Grinslân en is de lêste stêd yn Nederlân dy't offisjeel stedsrjochten krigen hat, yn 1825.

Yn de prehistoarje wennen der al minsken yn de omkriten fan Delfsyl. Yn 1982 waard in hunebêd yn de wierde fan Heveskeskleaster, justjes súdeastlik fan Delfsyl, fûn. Delfsyl ûntstie yn de trettjinde iuw as in syl (slûs) yn de Delf, de âlde namme fan it Damsterdjip. Delfsyl wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde fan 19 juny 1303.[3] Ynearsten wiene der trije silen yn de Delf. Dy waarden de Slochter-, Skarmer en Dorpstersyl neamd. Der wurdt ek wol fan "de trije Delfsilen" sprutsen. De trije silen foelen ûnder it Generale Sylfest fan de Trije Delfsilen. By dy silen ûntstie al rillegau bewenning en doe waard der in slûswachter oansteld. Dat wie suver it begjin fan Delfsyl. Der stiene yn de omkriten fan Delfsyl ferskate boargen, benammen by Uitwierde.

Fêsting Delfsyl

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trije silen yn de Delf wiene fan strategysk belang. Se waarden net allinnich brûkt en lit it binnenwetter nei bûten rinne, mar koene ek brûkt wurde en lit it lân ûnderstrûpe troch it seewetter. By Delfsyl koe it hannelsferkear út de stêden Grins of Emden wei neisjoen wurde en boppedat koe de haven fan it plak as in ynfalsbasis foar in grutte striidmacht út de see wei tsjinje.

Om 1414 hinne liet de Eastfryske haadling Keno tom Brok in stins yn Delfsyl bouwe, dy't nei alle gedachten it folgjend jier wer ôfbrutsen waard. Yn 1499 liet greve Edzard I fan Eastfryslân dêre in blokhûs bouwe. Yn 1501 bemachtigen Grinzer troepen de skâns, dochs Eastfryske troepen koene de skâns itselde jiers fannijs oermasterje. Hartoch Joaris mei it Burd fan Saksen stjoerde 4000 Aldenburchske troepen en namen de skâns yn. Hja plonderen it en stieken it yn 'e brân. Yn 1515 koene de striidkrêften fan de Eastfyske foarst de fêsting fannijs ynnimme. Yn 1516 nei syn delslach yn it Saksyske Skeel by Detern liet er de skâns ûntromje. De Grinzers brutsen de skâns dêrnei ôf. Yn 1534 plonderen Eastfryske troepen Farmsum en lieten se by Delfsyl in nije fêsting bouwe. Yn 1536 waard de fêsting troch steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch, fjildhear fan keizer Karel V, ynnommen.

Tachtichjierrige Kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In plattegrûn fan Delfsyl út 1649
Oanfal troch Spanjerts ûnder Verdugo op Delfsyl dy't om 'e nocht wie
De Grutte Wetterpoarte

Nei de Seeslach op de Iems kaam Alva op 25 july 1568 op besite yn Delfsyl. Hy seach it strategysk belang fan it plak en makke plannen foar in grutte fêsting, mei Farmsum ynbegrepen, tsjin in mooglike driging fan de wettergeuzen. Der waard yn 1569 in skâns mei fjouwer dwingers en in grêft fan 30 meter breed opwurpen. Yn 1572 liet Caspar de Robles de skâns fersterkje troch yn it gebiet tusken de skâns en de slûzen ek dwingers en grêften te meitsjen. Mei de Pasifikaasje fan Gint yn 1576 liet de greve fan Rennenberch de skâns yn 1577 ynnimme op de Spaanske troepen ûnder lieding fan De Robles dy't er dêrnei nei Ljouwert stjoerde. Rennenberch liet de skâns ûntmantelje en in sterkere skâns, de Alde Skâns, bouwe dy't 100 by 100 meter mjitte op it plak kaam dêr't it lettere sintrum fan Delfsyl ûntstean soe. De fêsting waard nei it oerrrinnen fan Rennenberch nei de Spaanske kant troch Spaanske troepen by it Belis fan Delfsyl (1580) ynnommen.

Yn 1591 waard de skâns by it ynnimmen fan Delfsyl troch Steatske troepen ûnder lieding fan Maurits fan Oranje oermastere. Hy liet de skâns fersterkje en waard omkringe troch in nije fêsting mei oan de lânkant fiif dwingers (bolwurken) omjûn troch in wide grêft. Dy wiene it Skippersbolwurk (noardeast), Holwierderbolwurk (noard), Uitwierderbolwurk (noardwest), Kommandeursbolwurk (west), Damsterbolwurk (súdwest) en Farmsumerbolwurk (súd). Oan de seekant waard by de haven del in brede boarstwar mei de Grutte Wetterpoarte boud. De skâns krige in 40 meter brede grêft deromhinne. Oan de súdkant waard de haven dutsen troch it bolwurk Kostverloren yn it suden en in heale dwinger yn it súdeasten. Tusken de bolwurken waarden ferskate poarten boud.

Yn 1594 besocht Francisco Verdugo mei 1000 manlju de skâns yn te nimmen. Dat wie lykwols om 'e nocht. Nei de Reduksje fan Grins dat jiers wie der yn de fêsting oant 1643 in Fryske besetting legere.[4]

Lettere ûntjouwings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Rampjier (1672) besocht de Múnsterske biskop Kristoffel Bearend fan Galen (Bommen Bearend) Delfsyl yn te nimmen, dochs waard er behindere omreden de Steatsen it gebiet súdlik fan de fêsting ûnder wetter strûpe lieten troch de slûzen iepen te setten en de diken fan it Damsterdjip troch te stekken. Yn 1686 spielde ien fan de bolwurken fuort troch de Sint-Martensfloed. Yn 1696 waard de fêsting troch Menno fan Coehoorn fersterke. Yn de fêstng leine de huzen oan twa haadstrjitten (Landstraat en Waterstraat) mei guon dwersstrjitten, lykas de Marktstraat. Noardlik fan de fêsting wie it oefenterrein De Vennen foar de garnizoensoldaten. De garnizoentsjerke fan Delfsyl waard yn 1616 boud op it lytse eilân Conijnenbergh yn de fêsting, dochs bûten de âlde fêsting. Yn 1715 waard der in nije wetterpoarte boud dy't de âlde ferfange moast. Twa jier letter rekke de fêsting skeind by de Krystfloed.

Yn de Frânske tiid waard der in Frânsk garnizoen yn de fêsting legere. Dêr waarden fjouwer batterijen yn pleatst om dekking te jaan oan it front fan Kostverloren, en ek Farmsum yn de fêsting te lûken. In fyfde batterij waard op it bûtenwurk fan de lofterdwinger pleatst en foar it Uitwierderbolwurk waard tsjin de dyk oan de Noardbatterij oanlein. Yn 1796 kamen dy fersterkings ree. Yn 1799 waard der in kazerne boud. Lykwols de bêste ferdigening fan de fêsting wie dochs de ynundaasje. By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) besochten Russyske Kozakken, Prusen en Nederlanners ûnder lieding fan Marcus Busch de fêsting yn te nimmen. De belegerders laten grutte ferliezen, dochs de Frânsen joegen harren op 23 maaie 1814 oer nei't de befelhawwer in offisjele brief krigen hie dat keizer Napoleon ferslein wie. It belis late ta grutte skea oan Delfsyl en de plakken yn de omkriten. Ek de garnizoentsjerke moast weropboud wurde.

Yn 1819 krige Delfsyl fan kening Willem I stedsrjochten, dy't yn 1825 tegearre mei Wynskoat formalisearre waarden. Dy stedsrjochten hiene lykwols mar symboalyske wearde, om't de stedsrjochten yn de Frânske tiid opheft waarden.

Yn 1833 waard de Wetterpoarte fan 1715 ferfongen toch de hjoeddeistige Grutte Wetterpoarte. De fêsting hold nettsjinsteande de Kringewet syn status, dochs by de Fêstingwet fan 1874 waarden alle fêstingwurken oerstallich fûn en waarden tusken 1877 en 1886 ôfbrutsen. Yn 1878 waard de noardlike fêstingsgrêft tichtsmiten. Allinnich in part fan de westlike grêft bleau bewarre.

Untjouwing fan de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Waterstraat om 1900 hinne
Stienbakkerij Fivelmonde
Ien fan de bunkers fan de Twadde Wrâldkriich

Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw woeks de stêd bûten de âlde fêstingwâlen en ûntjoech de haven him en waard in konkurrint yn it neidiel fan it oanbuorjende Appingedam. De haven waard al brûkt foar de seeskipfeart fan de turffeart fan de Grinzer Feankoloanjes dy't Delfsyl as harren haven brûkte. Ek waard de haven brûkt foar it ferhanneljen fan nôt, hout, keunstdong, stienkoal en yndustryguod. Yn dy snuorje fêstigen der bûten de fêsting by it Damsterdjip del kalkûnen, mûnen, skipswerven en stienbakkerijen. Yn 1857 waarden op De Vennen ienfâldige wenten boud.

Yn 1845 giene fjouwer ynzjenieurs meiïnoar oparbeidzjen: twa Delfsylster bruorren Balkema en twa neven út Luik, Xavier Tarte en Castillion du Portail, dy't harren warber makken foar de spoarûntjouwing yn Noard-Nederlân. Oant 1900 gou Harns as de wichtichste seehaven yn it noarden. Troch it oerheidsbelied fertutearze dy status om't dy mear omtinken joech oan de ûntjouwing fan de seehavens yn de Rânestêd, dêr't de belangen fan Harns en Delfsyl by tsjin inoar útspile waarden. Delfsyl, mank mei Harns en Flissingen, gouwen as in better te berikken alternatyf as de havens fan Amsterdam en Rotterdam. Dy havens wiene troch fersâning oant 1860 minder te berikken en net gaadlik fûn foar de ûntjouwings fan de skipfeart fan dy tiid. Nei 1860 kaam der in nasjonaal belied oangeande it oanlizzen fan it nasjonaal spoar. Foar Harns wie dat lykwols 20 jier te let. Tusken 1863 en 1876 waard Harns lykwols oansletten mei Dútsklân troch Steatsline B. Delfsyl waard pas yn 1884 mei Grins ferbûn, troch it spoar fan Grins nei Delfsyl.

Yn 1876 waard it Iemskanaal groeven fan Grins nei Delfsyl, om't it Damsterdjip net gaadlik mear wie foar de hieltyd grutter wurdende skippen. Dat kanaal skate Delfsyl fan Farmsum. De gemeente Delfsyl hat dêrfoar soarge dat it nije kanaal konkurrint Appingedam net oandie. Dêrtroch naam it belang fan Delfsyl as havenstêd fierder ta. Nije skipswerven en fabriken fêstgen harren by dat kanaal. De befolking naam yn dy snuorje ek ta, en der waarden wiken bûten de âlde fêstingswâlen boud. Nei 1900 waard de haven in ynternasjonale opslachhaven foar hout, stienkoal en silisalpeter en trochfierhaven fan lânbouprodukten fan it Aldamt en de Grinzer Feankoloanjes, lykas nôt, ierappels, ierappelmoal en striekarton. Yn 1910 waard it spoar fan Súdbroek nei Delfsyl fan de NOLS, dy't ferbining brocht mei de Feankoloanjes en Drinte, boud. Yn 1929 kaam de Woldjerspoarwei nei Grins oer de Woldstreek. Dy linen waarden respektivelik yn 1934 en 1941 wer opheft. Yn 1919 waard de steamtramline Wynskoat-Delfsyl oanlein. Delfsyl wie no in stêd fan 10.000 ynwenners en nije wiken westlik en súdwestlik fan it sintrum waarden boud. De neogoatyske Sint-Joazeftsjerke waard yn 1924 boud.

By de befrijing fan Delfsyl op 1 en 2 maaie 1945 yn de Twadde Wrâldkriich waard slim fochten en rekke in grut part fan it sintrum swier skeind.

Nei de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemypark Delfsyl

Yndustriële ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kriich waard de binnenstêd weropboud. Nije útwreidings waarden ek wiermakke. Nei de Twadde Wrâldkriich woe de Nedelânske oerhied oansette ta grutskalige yndustrialisaasje, dêr't lizzing oan farwetter wichtich fûn waard foar it ûntjaan foar basisyndustry. Om't Delfsyl te fier ôf lei, kaam dy ynearsten dêr net fan yn oanmerking. Yn 1951 waard der sâlt fûn by Westerlee en dêrtroch waard Delfsyl oanloklik foar de ferwurking dêrfan. Gemyske yndustry koe pikelsâlt fan it seewetter dêrby belûke en yndustriële ôffalprodukten koe yn see smiten wurde, waard tocht. De Keninklike Nederlânske Sâltyndustry liet by de haven yn 1957 in polkefabryk bouwe. Dy fabryk waard de grutste wurkjouwer fan de stêd mei likernôch 1400 arbeidsplakken. Yn 1958 waard it Havenskip Delfsyl, in gearwurkjen fan de gemeente, provinsje en ryk, oprjochte, dy't ornearre waard foar it oansetten fan de yndustrialisaasje fan Delfsyl troch it oanlizzen fan it grutte yndustryterrein Oosterhorn yn de Easterhoeke, dêr't trije doarpen foar ferdwine moasten. Yn 1959 waard de stêd oanwiisd as ûntwikkelingskearn yn probleemgebiet. Dêr wie grutte wurkleazens ûnder de befolking yn eastlik Grinslân troch de meganisaasje yn de lânbou. It Ryk hope mei it ûntjaan fan de Delfsylster yndustry dy wurkleazens del te bêdzjen. It Ryk stelde in soad subsydzje ta beskikking om kapitaalyntinsive basisyndustryen oan te lûken. Yn 1958 waard ierdgas yn de omkriten fûn en dat befoardere de yndustriële ûntjouwing noch mear. Dêrtroch koe de ûnbidich soad enerzjy freegjende aluminiumranerij Aldel troch wiermakke wurde. Yn 1959 waard it Iemskanaal omlein oan de eastkant fan Farmsum, dêr't in nij havengebiet wiermakke waard. Yn de iere 1960-er jierren wiene der grutte plannen foar de stêd, dy't útwaakse moast ta 80.000 ynwenners. Yn oanrin dêrta waarden stikken lân yn buordoarpen Farmsum, Biessum en Uitwierde by it stedsgebiet fan Delfsyl foege. Dêr moasten skielk grutte stedsútwreidings komme. Noardlik fan it spoar fan Grins nei Delfsyl , oan de Iems, kaam de wyk Delfsyl-Noard. Súdwestlik fan de stêd kaam yn de 1970-er jierren de wyk Tuikwerd en yn 1968 krige de stêd syn eigen sikehûs, Delfzicht. Yn 1968 waard úteinset mei it oanlizzen fan in djipseehaven, dêrnei it yndustryterrein Oosterhorn en it oanlizzen fan it Seehavenkanaal. De doarpen Weiwerd, Heveskes en Oterdum moasten dêrfoar ferdwine. It midsiuwske tsjerkje fan Heveskes bleau stean yn in lege flakte, dy't ta yndustrygebiet ûntjaan moast. Op de seedyk dêr't it doarpke Oterdum lei, bleau allinnich it âlde tsjerkhôf oer. Troch it oanlizzen fan de Hogelandsterweg, de lettere N997 nei de Iemshaven, noardlik fan Delfsyl, moast de útbuorren Ladysmith ferdwine. It doarp Borgsweer, dy't bûten de doetiidske gemeente Delfsyl lei, koe foar de sloop besparre bliuwe. Yn 1974 waarden de trije Delfsilen mei de 18e iuwske slûswachterswenten, yn it ramt fan de Deltawet, sloopt en ferfongen troch in nij gemaal mei in ferhege seedyk. Om't de seehaven waaksen bleau, besleat it Ryk foar it oanlizzen fan de Iemshaven foar noch gruttere skippen.

Ekonomyske delgong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon Delfsyl mei de foarm fan de âlde fêsting yn de bestrjitting
It Iemshotel

Yn 1973 bruts de oaljekrisis út en kaam de ekonomy yn in delgong telâne, dêr't de fraach nei yndustrialisaasje troch fermindere. It eardere belied foar it oanlûken fan nije bedriuwen late net ta de ferwachte resultaten. De subsydzjes lutsen benammen filiaalbedriuwen fan grutte ûndernimmings oan, mar grutte ûntjouwings lieten it ôfwitte. Ek de ferskerpe miljeu-easken fan de provinsje Grinslân makken bedriuwen erchtinkend foar ûntjouwing yn it yndustrygebiet. Grutte lapen grûn dy't ornearre wiene foar yndustry-ûntjouwing yn Delfsyl en de Iemshaven bleaune braak lizzen. Allinnich bedriuwen besibbe oan de haven hawwe harren dêr fêstige. It Ryk makke in ein oan it jaan fan subsydzjes foar it delstriken fan nije bedriuwen. In grut part fan yndustryterrein Oosterhorn bleau dus leech, ek it plak fan de sloopte doarpen. De stêd bleau lykwols nije wenten bouwen om mooglike befolkingsgroei op te fangen, dochs de ferwachtingen waarden lang net helle. Yn 1981 hie de stêd te krijen mei grutte leechstân, benammen yn de wiken Delfsyl-Noard, Delfsyl-West en Tuikwerd. Bewenners tôgen fuort troch brekme oan wurk, en in soad keap- en hierwenten foldiene net mear oan de easken fan dy tiid. Heechoplaten woene dêr ek net mear wenje en de fergrizing en wurkleazens naam rap ta. Nettsjinsteande dat bleau de gemeente him oant healwei de 1990-er jierren ynsetten op groei.

Yn 1996 waard besletten mei it slopen fan 1000 wenten. Dat wie noch net genôch. Nettsjinsteande it slopen naam de leechstân noch hieltyd ta. In soad fan it wurk op it yndustryterrein wie ûnderwilens net mear foar leechoplaten, mar mear foar heechoplaten , dy't yn keapwenten earne oars wenjen giene ynstee fan yn âldere hierwenten yn de stêd. Dêrtroch fertutearze it oansjen fan de stêd hieltyd mear. Delfsyl wie de stêd mei de grutste sloopojefte fan hiel Nederlân. Doe waard der besletten it slopen te kombinearjen mei stedsfernijing troch nijbou mei rommere opsette griene wenbuerten. Ek de binnenstêd waard oanpakt. Om in better oansjen te jaan, waard besletten in iepen ferbining mei de haven en in nij kweldergebiet mei in natoer- en rekreaasjegebiet by de kust del oan te lizzen. Ek in part fan de âlde fêstingsgrêft waard fannijs útgroeven. Ek it stasjonsgebiet waard oanpakt. Dêrtroch waard yn 2018 de Vennenflat fan 10 ferdjippings út 1969 sloopt. Om 2010 hinne waard de leechstân mei it slopen fan 1200 wenten en it bouwen fan 450 nije wenten foar in grut part oplost. De befolking fan de gemeente sakke fan syn hichtepunt yn 1981 mei 31.000 ta 18.000 ynwenners yn 2010. It fernijingsplan koste it ryk, provinsje en de gemeente hûnderten miljoenen euro's. Ek it sakjen fan it ynwennertal ûnder de krusiale grins fan 25.000 hie gefolgen dat foarsjennings lykas it sikehûs en it teäter ûnder druk kamen te stean. Yn 2018 waard it sikehûs sletten en ferfongen troch in polyklinyk.

Ek op polityk mêd stie de gemeente yn negatyf oansjen. Boargemaster Marritje Appel neamde de gemeente yn 2006 it "Sisylje oan de Iems", om't der yn 2004 en 2005 mei papieren skelmdien waard.[5] De gemeente waard bekend as in korrupte gemeente, dêr't de boargemaster yn 2006 nei dien joech.

Sicht op Delfsyl fan de stedsgrêft ôf

De gemeente Delfsyl ûntstie yn 1808 en telde oant de opheffing 24.635 ynwenners (1 desimber 2020). De gemeente Delfsyl bestie út 13 doarpen en 24 buorskippen en waard mei de gemeenten Appingedam en Loppersum mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yndield by de nije gemeente Iemsdelta.

De grutste plakken yn de eardere gemeente Delfsyl wiene:

Namme Ynwenners (2021)
Delfsyl 15.240
Wagenborgen 1.685
Spijk 1.640
Farmsum 1.620
Holwierde 980
(boarne: CBS https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021])

De oare plakken yn de gemeente binne: Amsweer, Arwerd, Baamsum, Bierum, Biessum, Binnen Ae, Borgsweer, Dallingeweer, Dekkershuizen, Feldwerd, Fiemel, Geefsweer, Godlinze, Heveskes, Heveskeskleaster, Ideweer, Krewerd, Ladysmith, Lalleweer, Losdorp, Meedhuizen, Nansum, Naterij, Nooitgedacht, Opmeeden, Oterdum, Polen, Termunten, Termunterzijl, Tuikwerd, Tuikwerderrak, Tweehuizen, Uiteinde, Uitwierde, Vierburen, Vierhuizen, Wartum, Weiwerd, Woldendorp en Zeshuizen.

Wiken en buerten yn de stêd Delfsyl

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Delfsyl bestiet út de folgjende wiken en buerten:

Wyk Buerten
Delfsyl-West Ald West (oer de grêft), West 1 (skipfeartbuert), West 2 (stienbakkersbuert), Tuikwerderrak, Dethmerseiland en Fivelzigt
Tuikwerd Tuikwerd, Oogstbuurt, Vogelbuurt, De Rietkampen en Kruidenoever
Delfsyl-Noard Kwelderland, Vestigingbuurt, Schrijversbuurt, Landenbuurt, Bornholm, Rif- en Zandplatenbuurt en Biessumerwaard
Sintrum De Vennen
Kroonstad
Nieuwstad
Doklanden
Yndustry yn Delfsyl
De Wikipedy hat ek in side Haven fan Delfsyl.

Delfsyl is de sechsde havenstêd neffens grutte yn Nederlân. Gemypark Delfsyl is neffens grutte it twadde gemy-yndustrygebiet yn Nederlân. Fabriken dêre binne of wiene: Aluminium Delfsyl (ALDEL), Akzo, NKF en Dow Chemical. Yn 2006 waard yn Delfsyl it earste biometanol-fabryk yn 'e wrâld iepene. De eardere gemeente har likernôch 14.000 arbeidsplakken. De haven is yn behear by Groningen Seaports.

Yn 2016 waard úteinset mei it oanlizzen fan in sinnepark, dêr't 123.000 sinnepanielen komme moasten. Yn 2015/16 kamen der ek trije wynmûneparken by Delfsyl: Wynpark Delfsyl Noard, Delfsyl Midden en Delfsyl Súd.

Alde slûs yn it Iemskanaal

Delfsyl is oer de dyk ferbûn mei:

Oer it spoar ferbûn troch it spoar fan Grins nei Delfsyl mei Grins.

Delfsyl leit oan de mûning fan de Iems mei in iepen ferbining mei de Noardsee. It Damsterdjip, earder de Delf neamd, is in kanaal fan Grins nei Delfsyl dy't hjoed-de-dei foar de plezierfeart brûkt wurdt. It Iemskanaal is in wichtige wetterwei tusken Grins en Delfsyl dy't yn 1876 reekaam mei in nije ôfspjalting nei de Iems dy't yn de 1960-er jierren groeven waard mei grutte slûzen dêryn. Oer dy ôfspjalting komt it kanaal út yn de Farmsumerhaven en Oosterhornhaven. De nije slûzen komme út yn de bûtenhaven fan Delfsyl. De âlde rin komt net mear yn de Iems út en wurdt keard troch in skutslûs en benefter leit jachthaven Het Dok.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemaal de Drie Delfzijlen op it plak dêr't de eardere trije Delfsilen stiene
De Sintrumtsjerke
  • Grutte Wetterpoarte
  • Stienbakkerij Fivelmonde
  • Munysjekeamer fan 1591; it âldste bouwurk fan Delfsyl út 'e tiid dat Delfsyl in fêsting wie.
  • Sintrumtsjerke
  • Nôtmûne Adam oan it Molenbergplein dy't yn 1875 út Bedum wei nei Delfsyl ferfierd waard.
  • It Stasjon Delfsyl fan 1884 fan it Standerttype Snits
  • Eardere synagoge út 1888
  • Eardere gemeentehûs fan 1899 oan de Alde Skâns
  • Sint-Joazeftsjerke fan 1924
  • Eardere Seefearskoalle Abel Tasman fan 1930 fan arsjitekt C.C.J. Welleman
  • Gemeentehûs fan 1937 ek fan arsjitekt Welleman
  • Guon bunkers fan de Twadde Wrâldkriich noardlik en eastlik fan de stêd
  • Krústsjerke út 1953
  • Iemshotel fan 1965 oan de seedyk
  • haven en havenbûlevaar
  • kuierpaad oer de seedyk fan it Iemshotel by de haven del mei útsicht oer de haven en oer Delfsyl

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Ljouwerter bedrige yn Delfsyl, op Omrop Fryslân
  3. Rondom de Delfzijlen Geertsema, H. Brontsema, J.B. Roggenkampen, C. - van der Veen - Wynskoat
  4. T. de Kruijf et al. [red.], Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe. Stifting Menno van Coehoorn (2013), Objectbeschrijvingen Groningen en Oost-Friesland: Vesting Delfzijl, siden 82-87.
  5. Hier is sprake van Sicilië aan de Eems fraachpetear mei de útgeande boargemaster Marritje Appel yn Dagblad van het Noorden op 17 febrewaris 2006
  6. Amsterdam trakteert Delfzijl op stedenband op www.rtvnoord.nl, 15 oktober 2010
  7. Ambassade van Japan, overzicht stedenbanden Japan-Nederland

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje