Delfsyl-Sintrum
Delfsyl-Sintrum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
Plak | Delfsyl | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 830 (2017)[1] | |
Oerflak | 89 ha | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 20' N 6° 55' E |
Delfsyl-Sintrum is it âldste part fan de Grinslânske stêd Delfsyl. It sintrum grinzget yn it noarden en easten oan de haven fan Delfsyl. Westlik fan it sintrum is in grêft, in oerbliuwsel út de tiid dat Delfsyl in fêstingstêd wie. Dat is ek werom te sjen yn de strjitnammen fan it sintrum, lykas Oude Schans (âlde skâns), Nieuwe Schans (nije skâns), Bastionstraat (dwingerstrjitte), Commandementsplein (kommandemintsplein).
Nijsgjirrige gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it sintrum oan it Molenbergplein (mûneberchplein) is de nôtmûne Adam. Guon oare nijsgjiirige bouwurken yn it sintrum binne it eardere gemeentehûs fan 1899 oan de Alde Skâns, it Stasjonsgebou út 1884 fan it Standerttype Snits, de Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan 1830, de Grutte Wetterpoarte yn de seedyk fan 1833, de eardere synagoge fan 1888, de eardere skoalle oan de Binnensingel fan om 1900 hinne. Delfsyl hat nuver genôch gjin bouwurkken fan foar de Frânske tiid omreden dat it sintrum swier skansearre rekke troch besjittings by it Belis fan Delfsyl (1813-1814) oan 'e ein fan de Frânske tiid en yn de Twadde Wrâldkriich by de Slach om Delfsyl yn maaie 1945.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |