Haven fan Delfsyl

Ut Wikipedy
Haven fan Delfsyl
De haven fan Delfsyl
De haven fan Delfsyl
Algemien
Plak Delfsyl
Provinsje Grinslân
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Koördinaten 53° 19' N 6° 55' E
Havenautoriteit Groningen Seaports
Ofmjittings
Oerflak 1.469 ha
Djipte 9 m
Wetterboarne
Tijhaven ja
Wetterboarne Iemsmûning
Havens Farmsumerhaven
Oosterhornhaven
Fuortfarren
Kaaien Hannelskaai (fêst): lingte 850 m
Hannelskaai (driuwend): 660 m
Seehavenkanaal: 986 m
Oerslach
Oerslachfolume 5.234.000 ton (2013)
Oare ynfrastruktuer
Spoarstasjon Stasjon Delfsyl
Havens tichteby Iemshaven
Haven fan Emden
Webside
Webside Groningen Seaports
Kaart
Haven fan Delfsyl (Grinslân)
Haven fan Delfsyl

De haven fan Delfsyl is in seehaven oan de mûning fan de Iems yn de Grinslânske stêd Delfsyl yn de gemeente Iemsdelta. De haven is de sechsde grutte haven fan Nederlân en wurdt beheard troch Groningen Seaports.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de sechtjinde iuw wie der sprake fan in haven by de fêsting Delfsyl. By ebbe foel de haven drûch. Troch it meänderjende wetter fan it Damsterdjip dy't troch de silen útspuid waard, ûntstie in natoerlike slinke. Fan de wetterpoarte ôf rûn in steger nei de slinke. De hjoeddeistige hannelskaai rint foar it grutste part njonken dy slinke.

By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) waard de haven ôfsletten troch de Grutte Wetterpoarte en Lytse Wetterpoarte ôf te sluten.

Yn 1819 gie it behear fan de haven fan it Ryk oer nei de provinsje en letter nei de gemeente Delfsyl. It behear waard lykwols te dreech foar de gemeente en yn 1897 naam it Ryk it behear fanijs oer. Delfsyl waard yn de njoggentjinde iuw in konkurrint fan Harns, dy't doe sjoen waard as de grutte seehaven fan it noarden fan Nederlân. De haven fan Delfsyl ûntjoech him mear nei it oanlizzen fan it Iemskanaal nei de stêd Grins yn 1876 en de bou fan it spoar fan Grins nei Delfsyl yn 1884. It opkommen fan de Haven fan Emden nei it stiftsjen fan it Dútske Keizerryk yn 1871 wie ek geunstich foar Delfsyl. De haven waard wichtich foar it útfieren fan lânbouprodukten fan de trije noardlike provinsjes fan Nederlân. Yn 1892 kaam der in koaletip foar de oerslach fan stienkoal op seeskippen. Yn 1901 krige de haven fan Emden in nije elektryske koaletip foar de oerslach út it Ruhrgebiet wei en waard de koaleferfier oer Delfsyl oerstallich.

Tusken 1900 en 1909 waard de haven fergrutte. De kaai waard mei 230 meter ferlinge en der kaam in spoaroansluting nei de kaaien. De haven waard trije meter djipper oant 7 meter ferdjippe. Tusken 1917 en 1927 waard de kaai fannijs mei 150 meter ferlinge. Yn 1951 waard der sâlt by Wynskoat ûntdutsen en yn 1957 waard der in grutte polkefabryk iepene. Dy fabryk makke it needsaaklik dat de haven fierder útwreidzje moast. De twadde en tredde haven en in nije binnenhaven waarden oanlein. Ek waard de mûning fan it Iemskanaal ferlinge en by de mûning kaam der yn nije seeslûs by Farmsum.

Yn de twadde helte fan de tweintichste iuw waard de Iemsmûnregio, dêr't Delfsyl yn leit, troch de Nederlânske oerheid oanmurken as gebiet foar ekonomyske ûntjouwing en oansluting foar Noard-Nederlân. Dêrtroch waard der in djipseehaven oanlein en dêrfoar moasten doarpen lykas Heveskes, Oterdum en Weiwerd plakmeitsje. Doe't de haven yn de 1970-er jierren ree wie, bruts de oaljekrisis út en bleau in grut part fan it havengebiet leech stean en hie Delfsyl sels te krijen mei efterútgong.

Havens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haven fan Delfsyl bestiet út in bûten- en ynhaven. De tagong nei de bûtenhaven leit by it Eastfryske Gatsje. De ôfstân tusken de twa pieren is 400 meter en skippen mei in djipte fan 10 meter kinne de haven yn- en útfarre. Dy tagong leit yn it easten fan de haven en skippen kinne westlik farre troch it Seehavenkanaal. Oan de súdkaai fan it Seehavenkanaal lizze ferskate bedriuwen mei los- en laadplakken. It tijferskil is likernôch trije meter. Skippen dy't trochfarre komme hast by it âlde sintrum fan Delfsyl yn de Hannelshaven. It eastlik part fan dy haven is ornearre foar de beropsfeart en it westlike part foar de plezierfeart.

Om yn de binnenhaven te kommen moatte de skippen troch de slûzen hinne. Der binne twa slûzen. In lytseren ien, dy't eastlik leit is 123 meter lang, 7 meter breed en 2,4 meter djip. De grutteren ien leit westlik en is 120 meter lang, 16 meter breed en 5,45 meter djip.

De skippen komme dêrnei yn it Iemskanaal. It kanaal is 5 meter djip en skippen mei in lingte oant 144 meter kinne dêr farre. It Iemskanaal stiet yn iepen ferbining mei de Oosterhornhaven. De Oosterhornhaven rint leikernôch paralel oan it Seehavenkanaal. De haven leit yn it yndustrygebiet Oosterhorn.

It behear foel sûnt 1958 by it Havenskip Delfsyl, dy't sûnt 1997 Groningen Seaports hjit.

Oerslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ôfrûne jierren wie de oerslach yn de haven om de 5 miljoen ton it jier hinne.

yn 1000 tonnen
1960 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2011 2012 2013 2014
Oerslach 774 5.830 5.991 5.958 6.137 6.062 5.781 4.875 4.687 5.525 5.261 5.234 5.936

Ofbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westlike part fan de ynhaven

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige side. Foar de boarnen en de bewurkingsskiednis, sjoch op dizze side.