Springe nei ynhâld

Alde Willem (Westerfjild)

Ut Wikipedy
Gemeente Westerfjild yn Drinte
Lizzing Alde Willem yn de gemeente Westerfjild

Alde Willem (Nederlânsk en offisjeel: Oude Willem) is in buorskip yn de gemeente Westerfjild yn de provinsje Drinte. It buorskip falt offisjeel ûnder Diever.

Der leit ek in Alde Willem yn de gemeente Eaststellingwerf. Dit leit neist it Drintske buorskip.

Alde Willem leit middenyn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld It hat anno 2008 in meast agraryske funksje. Yn de takomst moat dizze plak meitsje foar nije natoer. Dit ek om de oarspronklike wetterfoarsjenning fan de Vledder Aa te werstellen. Hjir is lykwols in soad ferset tsjin.

Tichtby Alde Willem leit it natoergebiet fan 75 hektare de Hoekenbrink. Steatsboskbehear hat hjir in soad beammen kapt mei de bedoeling it gebiet om te foarmjen fan in sânflakte ta in heidefjild.

Tinkteken by Alde Willem

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tinkteken foar delstoarten fleantúch yn de Twadde Wrâldoarloch

Yn de bosken by Alde Willem stiet in tinkteken foar de bemanning fan in Kanadeesk fleantúch dat op dat plak op 22 novimber 1943 delstoarten is. It fleantúch makke diel út fan in groep fan 776 bommesmiters, wêrfan 764 Berlyn as doel hiene en 12 Leverkusen. It fleantúch wie opstiigd om 16.33 oere yn Ingelân en waard om 19.00 oere delsketten troch in Dútske nachtjager. De sân bemanningsleden (6 Kanadezen en 1 Brit) kamen om it libben en lizze begroeven op it Algemiene Begraafplak yn Diever.