Wite Peal (Oerisel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Witte Paal)
De Wite Peal by nacht
Plak fan Wite Peal yn Oerisel

De Wite Peal (Nederlânsk: Witte Paal) is it plak dêr't de Nederlânske rykswegen N34 en N36 by elkoar komme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan it plak ferwiist nei de histoaryske grinspeal dêre, dy't de Hessewei markearre dy't dêr yn it ferline rûn.
By in oanpassing fan de krusing yn it ferline waard de peal nei efteren set sadat er fan de dyk ôf net mear te sjen wie. Maaie 2010 kaam dêr in rotonde op dat plak. De peal waard doe midden op de rotonde set. De N36 wurdt wolris de 'Wei nei de Wite Peal' neamd.

Omkriten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krusing leit yn Boskwachterij Hardenberg fan Steatsboskbehear. Benoarden de krusing is yn de jierren tachtich it stoart Bovenveld oanlein.