Djipswâl (De Like)
Appearance
(Trochferwiisd fan Diepswal (De Like))
Djipswâl (Nederlânsk: Diepswal) is in buorskip en streek yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân.
Djipswâl leit oan beide siden fan it Lykster Haaddjip even ten westen fan De Like. De lizzing ferklearret ek fuort de namme: lizzend op de wâl (= kaai of ouwer) bylâns it (Haad)djip.
Yn Djipswâl is yn it Haaddjip in opfiergemaal mei in neist lizzende keardaam op it plak fan de oarspronklike skutslûs. It hichteferskil tusken de beide pânen bedraacht mear as 2 meter. In tige grut ferskil yn it oars sa flakke Grinzerlân.
Benoarden it Haaddjip leit in bedriuweterrein dat ek Djipswâl hjit.