Springe nei ynhâld

Accra

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Akkra)
Accra
Binnenstêd Accra
Binnenstêd Accra
Bestjoer
LânGana
RegioGrut Accra
DistriktMetropoal Accra
Sifers
Ynwennertal3.963.264 (2011)
Oerflak200 km²
Befolkingsticht.9.816/km²
Stêdekloft895 km²
5.635.304 (2011)
Hichte61 m
Oar
Stifting15e iuw
TiidsôneUTC+0 (GMT)
Koördinaten
Offisjele webside
www.ama.gov.gh
Metropoal Accra
It Labidi-strân foar Accra

Accra is de haadstêd fan Gana. De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan. Yn de stêd wennen goed 1.6 miljoen minsken yn 2001, foar 2011 wurdt it ynwennertal op in lytse 4 miljoen rûsd. Accra is grutste stêd fan it lân.

De earste bewenners fan Accra wiene de Ga. It tsjintwurdige Accra ûntwikkele har ta in grut plak om de Britske en Nederlânske forten dy't yn de 17e iuw boud waarden. Yn 1877 waard it haadstêd fan de Britske koloanje Gold Coast. Neidat in spoarwei nei de minen en it agraryske efterlân oanlein waard, ûntwikkele Accra him ta it ekonomyske sintrum fan Gana.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Accra stiet it nasjonaal museum, de Ganeeske akadeemje foar keunsten en wittenskippen, it nasjonaal argyf en de sintrale biblioteek.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: