Sint-Kristoffelkatedraal (Roermûn)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Kristoffelkatedraal

Sint-Christoffelkathedraal

Sint-Christoffelkathedraal Roermond Nederland.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Limburg (Netherlands).svg Limburch
plak Roermond vlag.svg Roermûn
adres Grote Kerkstraat 29
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 15e en 16e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 32522
oare ynformaasje
webside Side bisdom Roermûn

De Sint-Kristoffelkatedraal oan de Grote Kerkstraat yn Roermûn is de biskopstsjerke fan it bisdom Roermûn, dat de katolike provinsje Limburch omfiemet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de oanlis fan nije ferdigeningswâlen om de stêd hinne kaam de âlde parochytsjerke dêrbûten te lizzen. Dat makke om likernôch 1410 de bou fan in nije tsjerke binne de omwâling needsaaklik, de hjoeddeiske Sint-Kristoffelkatedraal. Noch yn de 15e iuw feroaren se it plan fan de tsjerke, dat yn in de foarm fan in Gryksk krús boud wie: it koer waard as in trijeskepige hal foltôge en de tsjerke waard fiifskepich útfierd.

Yn de rin fan de 16e iuw kaam it bouwurk ree. It oarsprinklik as parochytsjerke boude godshûs krige yn 1661 de status fan katedraal foar it yn 1559 stifte bisdom Roermûn.

De Kristoffelkatedraal rekke slim skeind yn de Twadde Wrâldkriich, doe't Dútske troepen de deis foar de befrijing fan de stêd de 78 meter hege, yn it westlike diel fan it tsjerkeskip ynboude toer lieten opblaze. Nei de kriich waard de toer yn de âlde styl wer opboud. Nije skea rûn de tsjerke yn 1992 op, doe't Roermûn troch in ierdskodding troffen waard.

Fan 2005 oant 2007 ûndergyng de katedraal in grutte renovaasje.

It 13e iuwske Dalheimer Krús

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynrjochting fan de tsjerke stamt út ferskate tiidrekken. Ut de 13e iuw datearret it saneamde Dalheimer Krús, dat nei de sekularisaasje fan it sistjersjinzerke kleaster yn Dalheim (Noardryn-Westfalen) yn 1804 yn de hannen fan de katedraal oergyng. It renêssânse Sakramintsalter (1593) en koerbanken binne 16e iuwsk, wylst de rokoko preekstoel en de bychtstuollen (Petrus Vinck) 18e iuwsk binne. Dêrnjonken hingje der in tal skilderijen fan kultuer-histoaryske wearde.

Yn de mei in 3,57 meter heech byld fan de patroanhillige bekroande toer hingje fiif klokken.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1957 troch de oargelboufirma L. Verschueren út Heythuysen boud en ferfong it yn de kriich ferneatige ynstrumint. It ynstrumint besit 51 klinkende registers. Yn 2014 waard útein set mei de fernijing fan it oargel, dat 37 registers telt. Yn july 2018 kaam der in ein oan de wurksumheden, dy't likernôch in heal miljoen euro koste hawwe, en koe it wer yn gebrûk nommen wurde.[1]

Toerbyld Sint-Kristoffel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike toerbyld fan Kristoffel waard troch Theodorus Cox getten en yn 1894 op de spits set. In stoarm ferneatige it byld yn 1921 en it moast dêrnei ferskate ferfongen wurde troch stoarmen, brannen en kriichgeweld. It hjoeddeiske byld waard makke troch Jac Claessens, dy't it byld ek makke hie dat yn de Twadde Wrâldkriich fan de toer sketten waard.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Christoffelkathedraal