Sint-Kristoffelkatedraal (Roermond)

Ut Wikipedy
Sint-Kristoffelkatedraal
Lokaasje
provinsje Limburch
plak Roermond
adres Grote Kerkstraat 29
koördinaten 51° 11' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Roermond
patroanhillige Sint-Kristoffel
Arsjitektuer
boujier 15e en 16e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32522
Webside
Side bisdom Roermond
Kaart
Sint-Kristoffelkatedraal (Limburch)
Sint-Kristoffelkatedraal

De Sint-Kristoffelkatedraal oan de Grote Kerkstraat yn Roermond is de biskopstsjerke fan it bisdom Roermond, dat de katolike provinsje Limburch omfiemet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan fan 'e katedraal.

Troch de oanlis fan nije ferdigeningswâlen om de stêd hinne kaam de âlde parochytsjerke dêrbûten te lizzen. Dat makke om likernôch 1410 de bou fan in nije tsjerke binne de omwâling needsaaklik, de hjoeddeiske Sint-Kristoffelkatedraal. Noch yn 'e 15e iuw feroaren se it plan fan 'e tsjerke, dat yn 'e foarm fan in Gryksk krús boud wie: it koer waard as in trijeskippige hal foltôge en de tsjerke waard fiifskippich útfierd.

Yn 'e rin fan 'e 16e iuw kaam it bouwurk ree. It oarsprinklik as parochytsjerke boude godshûs krige yn 1661 de status fan katedraal foar it yn 1559 stifte bisdom Roermond.

De Kristoffelkatedraal rekke slim skeind yn de Twadde Wrâldkriich, doe't Dútske troepen de deis foar de befrijing fan de stêd de 78 meter hege, yn it westlike diel fan it tsjerkeskip ynboude toer lieten opblaze. Nei de kriich waard de toer yn de âlde styl wer opboud. Nije skea rûn de tsjerke yn 1992 op, doe't Roermond troch in ierdskodding troffen waard.

Fan 2005 oant 2007 ûndergyng de katedraal in grutte renovaasje.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It 13e iuwske Dalheimer Krús

De ynrjochting fan de tsjerke stamt út ferskate tiidrekken. Ut de 13e iuw datearret it saneamde Dalheimer Krús, dat nei de sekularisaasje fan it sistjersjinzerke kleaster yn Dalheim (Noardryn-Westfalen) yn 1804 yn 'e hannen fan 'e katedraal oergyng. It renêssânse Sakramintsalter (1593) en de koerbanken binne 16e iuwsk, wylst de rokoko preekstoel en de bychtstuollen (Petrus Vinck) 18e iuwsk binne. Dêrnjonken hingje der in tal skilderijen fan kultuerhistoaryske wearde.

Yn de mei in 3,57 meter heech byld fan de patroanhillige bekroande toer hingje fiif klokken.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1957 troch de oargelboufirma L. Verschueren út Heythuysen boud en ferfong it yn de kriich ferneatige ynstrumint. It ynstrumint besit 51 klinkende registers. Yn 2014 waard útein set mei de fernijing fan it oargel, dat 37 registers telt. Yn july 2018 kaam der in ein oan de wurksumheden, dy't likernôch in heal miljoen euro koste hawwe, en koe it wer yn gebrûk nommen wurde.[1]

Toerbyld Sint-Kristoffel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike toerbyld fan Kristoffel waard troch Theodorus Cox getten en yn 1894 op de spits set. In stoarm ferneatige it byld yn 1921 en it moast dêrnei ferskate ferfongen wurde troch stoarmen, brannen en kriichgeweld. It hjoeddeiske byld waard makke troch Jac Claessens, dy't it byld ek makke hie dat yn 'e Twadde Wrâldkriich fan 'e toer sketten waard.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Christoffelkathedraal