Fryske Buert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fryske Buert
Stjelp yn Fryske Buert

Fryske Buert is in buorskip mei sa'n 130 ynwenners yn de Noard-Hollânske gemeente De Helder. Hy wurdt soms ek wol skreaun mei it lidwurd "De", dus: De Fryske Buert.

De Fryske Buert leit besuden it plak Den Helder en bewesten 'e buorskip De Kooy en fleanfjild de Kooy oan de Koarteflyt. Hy hat in agrarysk karakter. Sa stiet der ûnder mear in stjelppleats. It plak is ûntstien nei ynpoldering fan It Koegras. De plaknamme ferwiist nei de lânarbeiders út de provinsje Fryslân dy't dêr by en nei de ynpoldering kamen te wenjen en wurkjen. Krekt soksoarte buert is de Gelderske Buert, justjes fierderop yn de Anna Paulownapolder, yn de gemeente Anna Paulowna.

De buert hat in eigen buertferiening, mei de namme De Friese Buurt, dy't har ûnder mear ynset foar it behâlden fan it agraryske en iepen karakter fan 'e buorskip.