Springe nei ynhâld

Ynskedee

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Enschede)
Ynskedee
Enschede
Eanske
Binnenstêd Ynskedee (2013)
Binnenstêd Ynskedee (2013)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Ynskedee
Sifers
Ynwennertal 161.741 (2017) [1][2]
Oar
Ferkearsieren Steatsline D
A35, N35, N18, N732, N733, RING
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 13' NB, 6° 53' EL
Kaart
Ynskedee (Oerisel)
Ynskedee
Dizze side giet oer de stêd Ynskedee. Foar de gemeente dy't nei de stêd neamt is, sjoch: Ynskedee (gemeente).

Ynskedee[3][4] (Nederlânsk en offisjeel: Enschede; Nedersaksysk: Eanske) is in stêd en gemeente yn it easten fan de Nederlânske provinsje Oerisel yn de krite Twinte. De stêd foarmet in stêdekloft mei it oer de grins yn Dútslân lizzende Gronau. Ynskedee krige yn 1325 stedsrjochten, dat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Ynskedee is ferneamd om syn fuotbalklup FC Twente, de Universiteit Twinte en de bierbrouwerij Grolsch.

Detail op it stek fan it stedhûs fan Ynskedee, dy't it jaan fan de stedsrjochten útbyldet
Ynskedee yn 1570

Der is net folle oer de iere skiednis fan Ynskedee bekend, mar der bestie yn de iere midsiuwen nei alle gedachten in iesdoarp om de Alde Merk hinne. De namme fan dat doarp waard neamd as Anescede of Enscede itjinge "by de grins" (mei Bentheim) of "by de ies" betsjut. Dêr moast al in tsjerke, in merk en in boarch stien hawwe.

It doarp ûntjoech him op it súdlike punt fan in driuwwâl en kaam op de hannelsrûte fan Dimter nei Múnster te lizzen en koe him doe ûntjaan as in wichtich hannelsplak.

Om 1300 hinne krige Ynskedee stedsrjochten, dy't yn 1325 troch de Utertske biskop Jan III fan Diest befêstige waarden. Dêrnei mocht de stêd in stedsmuorre bouwe. Om't in stiennen muorre te djoer wie, om't stien ynfierd wurde moast, wurp Ynskedee in kompleks fan grêften, palissaden en hagen op. Dy komme noch hieltyd yn de hjoeddeistige strjitnammen foar lykas Noorderhagen en Zuiderhagen. It stedsplattegrûn fan dy snuorje is hjoed-de-dei noch hieltyd werom te kennen. De stêd koe yn 1597 yn de Tachtichjierrige Kriich ferwoastging tefoaren komme nei't de Spanjerts nei in koarte belegering harren rillegau oerjoegen.

Om't de midsiuwske stêd foar it grutste part út houten bouwurken bestie, wie brân algeduerigen in grut risiko. In searje stedsbrannen yn 1517, 1750 en op 7 maaie 1862 joech de ynwenners fan Ynskedee de bynamme "Brânstifters".

Yndustrialisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de lêste stedsbrân woeks de stêd út ta in grut produksjesintrum fan tekstyl, dat ta in grutte befolkingsoanwaaks late. Tekstylfamyljes lykas Van Heek, Ter Kuile, Jannink, Blijdenstein, Tatterall & Holdsworth en Menko foarmen in machtige oligargy dy't in grutte ynfloed op de stedske maatskippij hie. De tekstyl hat syn spoaren efterlitten lykas de foar yn dy snuorje nijmoadrige wenwiken. In foarbyld is De Krim (1861), dy't de earste wyk foar arbouders boud waard mar letter tige fertutearze waard en lang om let yn 1935 ôfbrutsen waard. Ek it túndoarp Pathmos (1924) en de wyk Laares (1930) en guon stedsparken wiene foarbylden dy't op oansetten fan de tekstylfabrikanten ûntjûn warden. Yn 1894 hie de stêd al 18.267 ynwenners.

Yn 1891 joech de sosjaal dreaune preester en parochyfikaris Alfons Ariëns yn Ynskedee de oanset ta ûntwikkeling fan de katolike arbeidersbeweging yn it easten fan Nederlân. De sosjalistyske arbeidersbeweging stie efter in rige arbeidersskelen yn de tekstylyndustry dy't rjochte waarden tsjin de sosjale misstannen yn dy snuorje.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Britske soldaten lûke op fan Ynskedee nei Hengelo yn april 1945

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Ynskedee ien fan de earste Nederlânske stêden dy't troch Dútske troepen beset waarden. Fersetslju holpen in soad Joaden fan Ynskedee mei it ûnderdûken yn pleatsen om de stêd hinne. Fan de 1300 Joaden yn Ynskedee waarden der 500 rêden, 38,5%, neffens de trochsneed fan 20% yn Nederlân. Dat hege oerlibbingsoantal is te tankjen oan trije leden fan de Joadske Rie fan Ynskedee, Sig Menko, Gerard Sanders en Isidoor van Dam, dy't de oanset joegen, tsjin it adfys yn fan de Joadske Rie fan Amsterdam, harren mienskip oan te trunen om ☼nder te dûken en de oprop fan de Dútsers om te "wurkjen yn it Easten" te negearjen. Ek pastoar Leendert Overduin wie warber yn it helpen fan hûnderten Joadske bern en folwoeksenen, mei help fan syn suster en guon oaren, yn it opsetten fan in netwurk fan ûnderdûkadressen yn en om Ynskedee hinne.

Ynskedee wie it doelwyt fan ferskate bombardeminten, benammen dy fan 10 oktober 1943 en 22 febrewaris 1944. It earste bombardemint op it fleanfjild Twinte wie in gelegenheidsdoel foar it VIII Bomber Command foar in missy op de spoar- en wetterwegen yn Múnster. 141 minsken kamen dêrby om it libben. By it twadde bombardemint waard Ynskedee as in gelegenheidsdoel neamd yn Big Week nei't bommesmiters werom hjitten waarden omreden min waar.

Lettere ûntjouwings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Fjoerwurkramp fan Ynskedee op 13 maaie 2000

Yn de 1960-er jierren rekke de tekstylyndustry folslein yn it neigean en 30.000 banen rekken dêrby ferlern. De measte fan de grutte tekstylfabriken waarden yn de folgjende desenniums ôfbrutsen, wylst guon oaren in oare bestimming krigen, lykas yn de eardere fabryk fan Jannink en Van Heek. Boppedat waard in part fan de kompleks fan Jannink ta in museum omfoarme. Ynskedee begûn him doe ta in tsjinstestêd te ûntjaan.

Yn de 1970-er jierren wie it dien mei de tekstylyndustry yn Ynskedee, troch swiere konkurrinsje yn it Fiere Easten. Dat hie in grut gefolch foar de befolking. Ynskedee waard ien fan de earmste gemeenten yn Nederlân en rekke suver fallyt. Grutte leechsteande yndustrykompleksen waarden it skaaimerk fan de stêd. Mei help fan de nasjonale oerheid waarden dy kompleksen oankocht en fannijs werynrjochte foar wenten, winkels en kantoaren. It sintrum waard revitalisearre en as in autofrij gebiet omfoarme.

Yn 1961 waard buorkundich makke dat der in tredde technyske hegeskoalle yn Nederlân stifte wurde soe. De grûn dêrfoar waard troch de gemeente Ynskedee oanbean. Yn 1964 wie de Technyske Hegeskoalle Twinte, letter Universiteit Twinte, ree. It heger ûnderrjocht yn Twinte waard yn Ynskedee konsintrearre mei ûnder oaren Saxion en ARTEZ-hegeskoalle foar de keunsten. Ek kamen der in tal wichtige soarchynstellings, lykas it Medysk Spektrum Twinte (MST) en in revalidaasjesintrum. De grutste wurkjouwers yn de stêd binne Apollo Vredestein, Grolsch en Menzis en bierbrouwerij Grolsch mei respektivelik 1500, 750, 750 en 650 wurknimmers.

Op 13 maaie 2000 ûntplofte in fjoerwurkfabryk yn Ynskedee, dêr't in grut part fan de wyk Roombeek by ferwoastge rekke. 23 minsken, wêrûnder 4 brânwachtlju kamen dêrby om it libben. Yn 2012 waard it ophelpen fan Roombeek dienmakke. Op it plak fan it fjoerwurkfabryk stiet hjoed-de-dei in monumint.

De Alphatoer, in wentoer fan 101 meter heech mei 91 aparteminten op 29 ferdjippings, waard yn 2008 oplevere. Hy is it heechste gebou fan Ynskedee en Oerisel.

Yn it tiidrek 1995-2010 woeks it ynwennertal fan de stêd mei likernôch 10.000 minsken, mar bleau dêrnei hingjen.

Grutte Tsjerke
Sint-Jakobustsjerke
Synagoge fan Ynskedee

It grutste leauwe yn Ynskedee is it kristendom mei 34,9% fan de befolking. Roomsk-katoliken foarmje de grutste groep dêrfan (17%), wylst 5,3% leden fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, 4% fan de grifformearde tsjerke, en 3,2% fan de protestantske tsjerke binne. Islamiten foarmje 6% fan de befolking.

Ynskedee hat in grutte Assyryske mienskip. De earste Assyrjers kamen yn de 1970-er jierren nei Ynsedee, benammen fan Turkije. Dêrom binne der hjoed-de-dei trije Syrysk-otterdokse tsjerken yn de stêd foar de likernôch 10.000 Assyrjers dy't yn Ynskedee wenje.

By karnaval, dy't ornaris yn febrewaris of maart holden wurdt, wurdt Ynskedee tydlik omneamd ta Krekkelstad itjinge "Imerkestêd" (nl: Krekelstad) betsjut.

Religieuze gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Grutte Tsjerke, de midsiuwske, hjoed-de-dei Herfoarme tsjerek oan de Grutte Merk.
  • Sint-Joazeftsjerke; boud yn 1893 en mei de 77-meter hege toerspits it twad heechste gebou fan de stêd nei de Alphatoer
  • De Lasondertsjerk; grifformearde tsjerke boud yn 1927. Oant 1970 earde it tsjerkegebou ta de Nederlânsk Herfoarmde Gemeente. Sûnt 2004 is it tsjerkegebou, op de hoeke fan de Lasondersingel en de H.B. Blijdensteinlaan, in ryksmonument.
  • De Jakobustsjerke: in roomsk-katolike tsjerke oan de Alde Markt mei neoromaanske en Byzantynske styleleminten, wijd oan Jakobus de Meardere (patroanhillige fan Ynskedee).
  • De parochytsjerke Hillige Paulus mei priorij Mienskip fan Sint-Jan út 1957, ûntwurpen troch Johannes Sluijmer yn de styl fan de Boskske Skoalle, G.J.van Heekstraat/Weegschaalstraat.
  • De Synagoge (Prinsestraat; ûntwurpen troch Karel de Bazel; boud yn 1927–1928)
  • De Syrysk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Kuryakos (Wesselerbrinklaan 110; boud yn 1998)
  • De Syrysk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Yakub fan Sarugh (M. H. Tromplaan 50)
  • De Syrysk-Ootterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Petrus en Paulus (Het Leunenberg 588)

Museums en keunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynskedee hat twa museums. It Ryksmuseum Twinte kaam fuort út in inisjatyf fan de Twintske tekstylbaron Jan Bernard van Heek dy't syn skilderijesamling ûnderbringe woe yn in nij ryksmuseum yn Ynskedee. Yn 1930 waard dat museum iepene. It museum stalt wikseljende útstallings fan hjoeddeistige, nijmadrige en klassike keunst út. De Museumfabriek (earder TwentseWelle) is in museum yn de wyk Roombeek dat ûntstien is út in fúzje fan trije ynstellings: Natuurmuseum Enschede, Van Deinse Instituut en it Fabrykskompleks Jannink. Yn dat museum wurdt it kultuerhistoarysk erfguod fan Twinte keppele oan it natoerhistoarysk erfguod. It museum waard yn 2008 troch doetiidske keninginne Beatrix iepene.

Njonken museums hat Ynskedee ferskate keunstútstallings fan byldzjende keunst. De meast promininte binne: Concordia, itjinge in keunstsintrum op de Alde Merk en de Langestraat is; Villa de Bank; TETEM en PLANETART. Ynskedee is ek it thús foar it Nederlânsk Symfonyorkest.

Muzyk en teäter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dútsk-Nederlânske relaasje is karakteristyk foar de muzykkultuer, dy't ûntstei troch gearwurkjen yn it grinsgebet yn de 19e en 20e iuw en de dominante tekstylyndustry. Benammen yn in tiid fan omkear nei de Earste Wrâldkriich ûntjoech him yn Gronau en Ynskedee in nauwe Dútsk-Nederlânske kulturele gearwurking, dy't hieltyd wichtiger waard troch strykkwartetten, salonorkesten en hot dance-muzykgroepen oant en mei symfony-orkesten en it operaselskip, Enschedesch Opera en Operette Gezelschap, mei harren eigen foarstellings. Ek waard jazz fan de 1920-er jierren ôf populêr.

De trije wichtichste konsertpoadiums foar klassyk muzyk yn Ynskedee binne Muziekcentrum, Skouboarch fan Twinte en de Grutte Tsjerke, dy't sûnt septimber 2002 ûnder de namme Podium Twente foarstelle en sûnt septimber 2011 ûnder de namme Wilminktheater en Muziekcentrum Enschede. Der is in grut ferskaat oan konserten, teäter, en jongerefoarstellings.

Yn novimber 2008 iepene it Nasjonaal Muzykketier yn Ynskedee. In nij grut teäter, poppoadium Atak, ArtEZ-Konservatoarium, it Orkest fan it Easten (hjoed-de-dei it Nederlânsk Symfonyorkest), Muzykskoalle Twinte, de Nederlânske Reisopera en Poadium Twinte (hjoed-de-dei Wilminktheater en Muziekcentrum Enschede) hawwe harren yn it dominate gebou foar it Stasjon Ynskedee oer fêstige. Yn nij grut plein, Willem Wilminkplein, dy't op it sintrum en de Alde Merk oanslút, waard yn 2012 oanlein.

Yn desimber 2012 waard Serious Request fan Radio 3FM yn Ynskedee holden, dy't wol mear as 12,2 miljoen euro opbrocht.

Benammen op de Alde Merk en yn de sydstrjitten binne in soad útgeansgelegenheden, lykas it monumuntale pân De Pakkerij, dêr't de Ynskedeeske studinteferienings te finen binne. Gauris binne der eveneminten op de Alde Merk, lykas beachfollybal, it Ynternasjonaal Jazzfestival Ynskedee en Grolsch Summer Sounds. Der binne ek inkelde poppoadiums, lykas poppoadium Metropool, jazzpoadium de Tor en Cafe Rocks oan de Hofstraat mei it lytste poadium fan Twinte, en it NiXenMeeR oan de Everhardt van der Marckstraat.

Underrjocht, ûndersyk en sûnenssoarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Universiteit Twinte
Saxion-hegeskoalle

Ynskedee hat ferskate opliedingsynstituten dy't ûnderrjocht oanbiede op ferskillende nivo's.

  • Universiteit Twinte, ôfkoarte ta UT, is ien fan de fjouwer technyske universiteit yn Nederlân, dêr't de oaren dy fan Delft, Eindhoven en Wageningen fan binne. It is de iennige kampusuniversiteit fan Nederlân, om't stêfwenten, studintenwenten, sport- en kultuerfoarsjennings, winkels en alle fakulteitsgebouwen allegear op ien terrein lizze. De UT wurket gear mei de oare technyske universiteiten yn Nederlân yn de 4TU-federaasje.
  • Saxion Hegeskoalle, in skoalle foar heger beropsûnderwiis. Saxion waard foarme nei in fúzje fan de Hegeskoalle Ynskedee en de Rykshegeskoalle IJselland yn it begjin fan 1998. De ynstelling hie yn 2015–2016 goed 26.000 studinten.
  • AKI Art & Design Enschede ArtEZ, in konservatoarium en in keunstakadeemje in ien, dy't yn de wyk Roombeek en it sintrum fêstige is. De keunstakadeemje hat trije bacheloropliedings. It konservatoarium ArtEZ is ien fan de 9 konservatoariums yn Nederlân.
  • Yn Ynskedee binne der tagelyk ek meardere lokaasjes fan het ROC fan Twinte, in regionaal opliedingsintrum foar middelber beropsûnderwis en folwoekse-ûnderrjocht.
  • Dêrnjonken hûsmannet Ynskedee it ITC, dat sûnt 2010 opnommen waard as fakulteit yn de Universiteit Twente.
  • Ferskate koallen foar it fuortset ûnderwiis:

It Medysk Spektrum Twinte (MST) is ien fan de grutste sikehûzen yn Nederlân dy't in bopperegionale rôl tsjinnet. It sikehûs is nau belutsen by heger medysk ûnderrjocht mei goed 300 studinten dy't dêr staazje rinne. It sikehûs wurket nau gear mei de Universiteit Twinte.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Stasjonsplein mei it Stasjon Ynskedee

It Stasjon Ynskedee is in dûbeld einstasjon. Fan it westen ôf is er it einstasjon fan treinen út Hengelo, Swol, Dimter, Stasjon Sutfen, Utert-Sintraal, Skiphol en De Haach-Sintraal. Fan it easten ôf is er it einstasjon mei ferbining út Gronau, Múnster en Dortmund. It ferfier nei Nederlân wurdt oanbean troch de Nederlânske Spoarwegen en dy nei Dútslân troch DB Regio. Der is gjin spoarferbining tusken de twa systemen.

Der binne noch twa stasjons yn Ynskedee:

Ynskedee hat in netwurk fan buslinen dy't eltse wyk fan de stêd mei it sintrum ferbine. Fersoarge troch Arriva (foar it grutste part ûnder de namme RRReis). Der binne de ôfrûne jierren ferskate busbanen realisearre, dy't it iepenbier ferfier, en ek de helptsjinsten, flugger en effisjinter troch de stêd liede moatte.

De Grolsch Veste, it thússtadion fan FC Twente

Om de sintrumwiken is in folsleine ringwei mei in lingte fan 8 km, dy't de singel neamd wurdt. Dy dyk waard tusken 1916 en 1929 oanlein. De measte diken dy't Ynskedee ynrinne binne oansletten op dy ringwei. Ynskedee is oansletten op it rykswegenet troch middel fan de A/N35 en de N18. Under en oan d erâne fan it sintrum binne ferskate parkeargelegenheden, dêr't de meast ferneamde en grutste de Van Heekgarage fan is, dy't ûnder it Van Heekplein leit. Dy graazje is it grutste ûndergrûnse parkeargraazje fan Nederlân mei in kapasiteit fan 1650 auto's.

De fuotbalklup fan Ynskedee is Fc Twinte, dy't yn de Earedifyzje spilet. It stadion hat in kapasiteit fan 30.205 taskôgers.

Ynskedee hat de twad âldste maraton fan Jeropa, de Maraton fan Ynskedee. Dy wurdt sûnt 1947 elts jier rûn. Sûnt 1947 is der in nije rûte. Ynskedee hat nei Thialf fan It Hearrenfean it twadgrutte iisstadion, Iisbaan Twinte.

Ynskedee
Stêd:
Ynskedee
Doarpen:
BoekeloGlanerbrugLonnekerUsselo
Buorskippen:
BroekheurneGoorseveldRutbeekTwekkelo (foar in part)
Wetter:
BoekelerbeekBroekheurnerbeekEschbeekGlanerbeekKristalbadRoombeekRutbeekTeesinkbeekTwintekanaalUsselerstroom
· · Berjocht bewurkje
Wiken yn de stêd Ynskedee
Sintrum:
BinnenstêdBoddenkampDe Bothoven't GetfertHorstlanden-VeltkampLaaresHet Zeggelt
Noard:
BolhaarDeppenbroekMekkelholtRoombeekTwekkelerveldCampus UT
East:
DolphiaDe EschmarkeHogeland't RibbeltStokhorstVarvikVelve-LindenhofWooldrik
West:
BoswinkelPathmosRuwenbosStadsveld't Zwering
Súd:
HelmerhoekStroinkslandenWesselerbrink
· · Berjocht bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Ek de ynwenners fan de doarpen yn de gemeente wurde troch it CBS ta de bewenners fan de stêd rekkene.
  3. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.
  4. Bygelyks neamd as "Ynskedee" yn 'e biografy fan Hein F. Faber op Sirkwy