Ryksmuseum Twinte
It Ryksmuseum Twinte is in museum foar âlde en nije keunst yn Ynskedee.
It museum is ûntstien út de samling fan tekstylfabrikant Jan Bernard van Heek (tachtich stikken – fral skilderijen – út it tiidrek Midsiuwen oant en mei de 19e iuw) en de Aldheidkeamer Twinte. It waard 1929 ûntwurpen troch Anton K. Beudt en Karel Muller.[1] Yn 1930 waard it museum iepene en oerdien oan de Steat fan de Nederlannen.
Yn de rin fan de jierren krige it museum in ferskaat oan samlingen, sa as dy fan tekstylfabrikanten. Sadwaande waard it útwreide mei ôfdielingen keunst en ambachtskeunst fan de 18e iuw en moderne keunst.
Tusken 1994 en 1996 waard it museum ferbettere (mei klimaatbehearsking) en útwreide mei in útstallingsseal en museumkafee fan Ben van Berkel. De tún waard op 'en nij ynrjochte troch Lodewijk Baljon,[2] ; hy krige dêrfoar 2004 de Award of Merit fan de American Society of Landscape Architects.[3]
It museum ferselsstannige yn 1994 en is in stichting wurden dy't fan in direkteur bestjoerd wurdt.
Op 13 maaie 2000 rekke it museum, mar de kolleksje net, swier skansearre by de fjoerwurkramp yn Ynskedee. It wie oant 14 april 2002 ticht fanwege reparaasjes.
Efter it museum stiet los hoes “Groot Bavel” (in Saksyske pleats, 18e iuw), dêr't foarfêst in útstalling oer de fjoerwurkramp te sjen is.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It gebou is in offisjeel ryksmonumint en is ynskreaun yn it ryksmonuminteregister mei nûmer 510640.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rijksmuseum Twenthe fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|