Springe nei ynhâld

Fjoerwurkramp fan Ynskedee

Ut Wikipedy
Fjoerwurkramp fan Ynskedee
Reekkolom boppe Ynskedee.
Reekkolom boppe Ynskedee.
bysûnderheden
type ramp fjoerwurkramp
oarsaak Brân yn in fjoerwurkopslach dy 't úteinlik ûntplofte
datum 13 maaie 2000
tiid 14:45 oere
lân Nederlân
provinsje Oerisel
gemeente Ynskedee
plak Ynskedee
statistiken
deaden 23
ferwûnen om en de by 950
lokaasje
Fjoerwurkramp fan Ynskedee (Nederlân)
Fjoerwurkramp fan Ynskedee
Lokaasje fan 'e fjoerwurkramp yn Nederlân.

De fjoerwurkramp fan Enschede hie plak op sneon 13 maaie 2000 yn de Nederlânske stêd Ynskedee. In opslachromte mei fjoerwurk fan it bedriuw S.E. Fireworks fette oan it begjin fan de middei flam en ûntplofte úteinlik. Der foelen 23 deaden, ûnder wa 4 brânwachtminsken, ûngefear 950 minsken rekken ferwûne en 200 wenningen yn de wyk Roombeek waarden ferwoaste.

S.E. Fireworks (ôfkoarting fan Smallenbroek Enschede Fireworks) ymportearre Sineesk fjoerwurk dat brûkt waard by popkonserten. De brân begûn om trije oere middeis hinne, op it wurkterrein fan in pakhûs fan S.E. Fireworks. Yn dit pakhûs lei sa'n 900 kilogram fjoerwurk opslein. It fjoer fersprate him nei twa konteners, dy't yllegaal bûten it gebou opslein wiene. De brânwachtploech dy't op it plak kaam, koe net keare dat noch in tredde kontener yn 'e brân gie. Dy ûntplofte koarte tiid letter. In kettingreaksje fan mear ûntploffingen resultearre úteinlik yn de grutste ûntploffing; dy fan de sintrale bunker. Hjirby kaam 177 ton fjoerwurk ta eksploazje.

De ûntploffingen en brannen fernielden it grutste part fan de bedriuwen en wenningen yn de wyk Roombeek. Ek yn de omjouwing wie de skea grut. In gebiet fan likernôch 42 bunder waard hielendal ferwoaste.De grutste ûntploffing wie op 60 kilometer ôfstân yn Dimter te hearren. De reekkolom dy't ûntstie, wie yn in omtrek fan sa'n 70 kilometer fan Ynskedee te sjen.Twahûndert wenningen waarden folslein fernield; sawat 1500 wenningen bûten de wyk en sa'n 500 omlizzende bedriuwen rekken swier skansearre; 1250 minsken rekken dakleas. De alarmsintrale hie nei de eksploazje net fuortendaliks in goed byld fan de omfang fan de situaasje, mar guon brânwachtkorpsen reagearren al op eigen inisjatyf. Tal fan brânwacht -, plysje - en ambulânse-ienheden út Hengelo, Oldenzaal, Almelo en de fiere omkriten lutsen rjochting Ynskedee, ynklusyf Dútske brânwachtkorpsen en helptsjinsten fan Nordhorn, Gronau, Rheine en oare plakken flak oer de grins. Sels út de Rânestêd wei waarden ambulânses en oare helptsjinsten nei Twinte dirigearre.

Doe't yn de rin fan de jûn, de earnst fan de situaasje trochkrong waard de Nederlânske telefyzje-útstjoering fan it Eurofyzjesjongfestival ôfbrutsen. Acht minuten foar de grutte eksploazje hie de brânwacht it sein "brân master" jûn. De materiële skea waard letter rûsd op likernôch 1 miljard gûne (454 miljoen euro ). Oan de stille tocht yn Ynskedee, seis dagen letter op 19 maaie, diene goed 100.000 minsken mei ûnder wa premier Kok en kroanprins Willem-Alexander. Earder hie keninginne Beatrix it rampgebiet besocht. De oarsaak fan de ramp is nea hielendal dúdlik wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL