Stasjon Ynskedee Kennispark
Stasjon Ynskedee Kennispark station Enschede Kennispark | ||
Stasjon Ynskedee Kennispark yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ynskedee | |
plak | Ynskedee | |
adres | Forum 10 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Esd | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 22 novimber 1996 | |
arsjitekt | Wienke Scheltens | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline D | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Ynskedee Kennispark (Esd) is in spoarweistasjon yn de stêd Ynskedee yn de provinsje Oerisel en waard iepene yn 1996 oan de Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug). It is iepene foar it bedriuweterrein Drienerlo, dat westlik fan Ynskedee leit. Stadion De Grolsch Veste fan fuotbalklup FC Twinte leit der tsjinoer. Efkes fierderop leit ek de kampus fan de Universiteit Twinte.
It stasjonsgebou is fan de hân fan arsjitekte Wienke Scheltens, it is in kegelfoarming gebouke, mei trije ferdjippingen. yn de earste twa ferjippings binne der winkeltsjes. Boppe-yn, op perronhichte, is in wachtromte. De twa perrons, oan wjerskanten fan de twa spoaren, lizze foarinoar oer op de spoardyk. Fia in brede tunnel kin men beide perrons berikke. Fytsers kinne ek gebrûk meitsje fan dizze tunnel. Oant 13 desimber 2015 hjitte it stasjon, stasjon Ynskedee Drienerlo.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
7000 | Sprinter (NS) | Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee Kennispark – Ynskedee | In healoeretsjinst |
RS 23 7900 |
Sprinter (Keolis) | Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee Kennispark – Ynskedee |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|