Stasjon Almelo
Stasjon Almelo station Almelo | ||
Stasjon Almelo (2006) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Almelo | |
plak | Almelo | |
adres | Stationsplein | |
koördinaten | 52° 21' NB 6° 39' EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Aml | |
iepening | 18 oktober 1865 | |
boujier | 1865 1e stasjonsgebou 1882 2e stasjonsgebou 1962 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1882 1e stasjonsgebou 1962 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1865 ûnbekende arsjitekt 1e stasjonsgebou 1882 ûnbekende arsjitekt 2e stasjonsgebou 1962 Koen van der Gaast 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0141 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Mariënberg - Almelo, Dimter - Almelo, Almelo - Salzbergen, Swol - Almelo | |
Stasjon Almelo (1904) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Almelo (Aml) is in spoarweistasjon yn Almelo en waard iepene yn 1865 oan it spoar fan Almelo nei Salzbergen. Yn dizze stêd yn Oerisel is yn 1962 it tredde stasjonsgebou sûnt 1865 iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjonsgebou kaam yn 1865 ree, in rykfersierd fakwurkgebou mei in heech middendiel en twa lege sydfleugels. Oan de rjochterkant is in oanbou mei tsjinstromten, ôfsletten troch in pagoade-eftich toiletgebouke.
Yn 1882 waard it earste stasjonsgebou alwer sloopt en ferfongen troch in grutter gebou. It gebou hat in heech middendiel mei oan ien kant in tuorke mei treppehûs. Oan dizze kant is ek in koarte lege sydfleugel.
It twadde stasjonsgebou waard yn 1962 ôfbrútsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast, benoarden it âlde gebou. Troch de oanwêzichheid fan de ferskate foarsjenningen op it perron krige it gebou allinnich in loket en in bagaazje- en frachtromte. It gehiel is bekape mei in opfallende luifel dy't ek oer in part fan it stasjonsplein boud is. Lâns de spoarline kaam in glêzen wand mei foarsjennings foar it busstasjon. De luifel likegoed as de kap fan de sydmuorre wurde stipe troch karakteristike V-foarmige kolommen. It gebou hat in 25 meter hege klokketoer. De fuotgongersbrêge waard by de bou fan it nije stasjonsgebou ferfongen troch in tunnel.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
1600 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
1700 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
7000 | Sprinter (NS) | Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
RS 23 7900 |
Sprinter (Keolis) | Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee | |
IC 23 17900 |
Intercity (Keolis) | Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee | allinne op wurkdagen oerdeis en 1x yn 'e oere. |
RS 21 31000 |
Stoptrein (Arriva) | Almelo – Mariënberg – Hardenberg | 1x it oere |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|