It spoar fan Mariënberg nei Almelo is in spoarwei yn Oerisel, mei in langte fan 18,8 km. De spoarwei wie ree yn 1906. De eksploitaasje fan it reizgersferfier gie yn 1998 oer fan de NS nei Oostnet, wat yn 1999 op gie yn Connexxion. Fan 8 desimber 2013 ôf waard it reizgersferfier oernaam troch Arriva, dat yn Oerisel sûnt 2017 ûnder de namme Blauwnet riedt in gearwurkingsferân fan ferskate ferfierders yn Oerisel. It doel is dat de spoarline yn 2027 elektrifisearre is.[2]